Fûle brân lit neat oer fan wenbuorkerij yn Penjum

01 jul 2020 - 14:05

In wenbuorkerij oan de Bûtendyk yn Penjum is foar in grut part ferwoaste troch in útslaande brân. Brânwachtienheden út Wytmarsum, Makkum, Harns en Boalsert binne ynset om it fjoer te bestriden.

Noch foardat de earste korpsen arrivearren, wie der al opskaald nei grutte brân. De flammen sloegen doe al út it dak. Troch de hurde wyn stie al gau de folsleine buorkerij yn ljochte lôge. De brânwacht koe dêrom net foarkomme dat de buorkerij ferlern gie.

Neffens de brânwacht hawwe de bewenners de buorkerij feilich ferlitte kind. De brân soe ûntstien wêze by dakwurksumens.

Foto: ProNews
Trefwurden: 
brân Penjum wenbuorkerij
(advertinsje)
(advertinsje)