Rendabel, rapper en goedkeaper; provinsje wol Lelylijn op lanlike aginda

01 jul 2020 - 20:53

Foarse reistiidwinst, in soad nije passazjiers yn de trein en de eksploitaasje kin ek nochris kosteneutraal: de Lelylijn is dêrmei neffens de provinsje in goede ynvestearring. De provinsje fynt de tiid ryp om de rappe spoarline tusken de Rânestêd en Noard-Nederlân op te nimmen yn it nasjonale Toekomstbeeld OV 2040.

Provinsje wol Lelylijn op lanlike aginda

Dy konklúzje lûkt de provinsje Fryslân út in 'potinsje-ûndersyk', dat makke is yn opdracht fan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat en de trije noardlike provinsjes. Sjoen is nei trije farianten foar rapper iepenbier ferfier tusken de Rânestêd en Fryslân/Grinslân: besteand spoar flugger meitsje, de oanlis fan nij spoar en in heechweardige busferbining.

Dy lêste fariant smyt gjin tiidwinst op en falt dêrom ôf. Mar oer besteand spoar (Amsterdam-Zwolle-Grins/Ljouwert) en nij spoar (de Lelylijn) is tusken Rânestêd en it Noarden substansjele reistiidwinst helber, respektyflik tweintich oant fjirtich minuten, wêrby't in nij spoar boppedat goedkeaper liket. Treinen moatte dan yn beide farianten maksimaal 200 kilometer de oere ride.

Bykommend foardiel foar de Lelylijn oer Drachten, It Hearrenfean en de Noardeastpolder is boppedat dat de oanlis gjin hinder opsmyt foar de treinreizger oer it besteande spoar. Boppedat wurdt de hiele railynfrastruktuer foar it Noarden folle sterker troch it oanlizzen fan de twadde line, njonken de besteande omwei oer Zwolle.

Foto: Omrop Fryslân

Saak fan 'nasjonaal belang'

Neffens deputearre Avine Fokkens-Kelder is de oanlis fan de Lelylijn in saak fan 'nasjonaal belang': "Nederland is te klein voor een periferie. Als de Lelylijn wordt aangelegd kun je in Fryslân wonen en in de Randstad werken. Bij de aanleg van de Lelylijn heeft heel Nederland baat, want de Randstad is echt veel te druk en te vol aan het worden."

Fokkens hat de ôfrûne wike bot oantrune op it gau iepenbier meitsjen fan it rapport, wylst steatssekretaris Van Veldhoven dat earst yn 'e hjerst dwaan woe. Fokkens hâldt it no op 'een misverstand, dat gelukkig goed is uitgesproken'. Sy wol no besykje om de Lelylijn yn de ferkiezingsprogramma's te krijen fan safolle mooglik politike partijen, sadat it folgjende kabinet der gau mei oan de slach kin.

"Skeppe sa gau mooglik de grûn yn"

De lobby foar de Lelylijn wurdt entûsjast stipe troch wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW. Lanlik foarsitter Hans de Boer hat it oer 'in unike kâns om it Noarden fan Nederlân duorsum te ferbinen mei it westen en midden fan Nederlân, en ek mei Dútslân en Denemarken'.

De Lelylijn is kosteneutraal as eltse dei sa'n 22.500 reizgers der gebrûk fan meitsje. Neffens VNO-NCW is dat wis mooglik en sil de Lelylijn ek automobilisten ferliede om tenei de trein te pakken. "Ik bin hiel bliid mei dit ûndersyk", seit De Boer. "It is wichtich om no ek fluch in beslút te nimmen. De skeppe moat no sa gau as mooglik de grûn yn!"

Deputearre Avine Fokkens - Foto: Omrop Fryslân

De kosten fan de Lelylijn njonken de A7 wurde rûsd op 3,2 oant 6,4 miljard euro. In soad jild, mar nei alle gedachten goedkeaper as it flugger meitsjen fan it besteande spoar. Dy kosten wurde rûsd op 3,6 oant 7,1 miljard euro. It flugger meitsjen fan it besteande spoar smyt boppedat minder tiidwinst op as de Lelylijn. Foar de finansiering fan de Lelylijn ferwachtet deputearre Fokkens in soad fan it 'Wopke-Wiebes-Fûns', foar ynvestearringen yn 'e takomst fan Nederlân.

Foarsichtich entûsjasme

Yn Provinsjale Steaten begjint al wat fan foarsichtich entûsjasme te ûntstean oer de Lelylijn. "Wannear wit ik net, mar dy Lelylijn dy komt der. Dit kin net mear misgean", seit VVD-steatelid Durk Pool.

SP'er Michiel Schrier tinkt al foarsichtich oan in treinstasjon by Drachten oan de súdkant fan de A7. "In Drachten in de trein stappen naar Amsterdam of Hamburg, dat lijkt me geweldig." Steatelid Romke de Jong fan D66 moat foar syn wurk geregeld yn Hamburg wêze. "Dat kostet my mei de auto wis fjouwer oeren. As dat mei de trein kin, hiel graach!"

Ferslachjouwer Onno Falkena oer de Lelylijn

(Advertinsje)
(Advertinsje)