Sven Nieuwpoort bliuwt ien seizoen langer by Cambuur

01 jul 2020 - 12:46

Sven Nieuwpoort spilet ek takom seizoen foar Sportklup Cambuur. It ôfrinnende kontrakt fan de sintrale ferdigener is mei ien seizoen ferlinge.

Foto: Orange Pictures

Ofrûne simmer makke Nieuwpoort mei Henk de Jong en Sandor van der Heide de oerstap fan De Graafschap nei SC Cambuur. Ofrûne seizoen spile hy fanwegen blessueren mar trije wedstriden foar de Ljouwerters.

"Sven heeft door een blessure niet zoveel kunnen spelen als hij en wij zouden willen, maar iedereen heeft kunnen zien dat het een verdediger is met veel ervaring en kwaliteit. We zijn daarom blij dat we hem hebben weten te houden", neffens technysk manager Foeke Booy.

(advertinsje)
(advertinsje)