Auto slacht oer de kop nei botsing mei beam by Donkerbroek

01 jul 2020 - 12:01

Op de Peelrug by Donkerbroek is woansdeitemoarn in auto oer de kop slein nei in botsing tsjin in beam.

Foto: De Vries Media

De bestjoerder wie troch ûnbekende oarsaak tsjin de beam riden en dêrnei oer de kop slein. Hy is neisjoen troch it ambulânsepersoniel, mar hoegde net mei nei it sikehûs.

Trefwurden: 
ûngelok Donkerbroek
(Advertinsje)
(Advertinsje)