Hearrenfean-supporters komme mei aksje om har klup te stypjen

01 jul 2020 - 12:18

It hie in bysûnder jier wêze moatten foar SC Hearrenfean fanwege syn 100-jierrich bestean. De klup stiet lykwols twongen stil troch it coronafirus. Om de klup yn dizze tiden in hert ûnder de riem te stekken, hat in groep fans de crowdfundingsaksje #MEIINOAR opsetten.

Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

De aksje is woansdei úteinsetten, mei stipe fan FeanFan, NieuwNoord, de OSSH en Aktie'67. "It doel fan de aksje is om de libbensier fan de klup, de jeugdoplieding, en dêrmei de takomst fan de klup finansjeel te stypjen", fertelt inisjatyfnimmer Oeds-Willem Miedema. "As eltsenien massaal meidocht, kinne we sels #MEIINOAR achterop de wedstriidshirts sette litte."

200.000 euro

Om dat foar inoar te krijen, binne de inisjatyfnimmers ôfhinklik fan fans, frijwilligers, sponsoaren, (âld-)spilers en klupikoanen. "It ultime doel is om foar 20 july in bedrach fan 200.000 euro yn te sammeljen. Allinnich dan komme de nammen fan de donateurs mei de tekst MEIINOAR achterop it shirt, sa is mei de klup ôfpraat", follet Henk Hunneman oan.

Alle bydrages binne wolkom neffens Miedema. "Eltse supporter dy't 100 euro of mear bydraacht, komt mei syn of har namme op it t-shirt as it doel behelle wurdt." Alle donateurs dy't mear as 19,20 euro jouwe, wurde in seizoen lang yn it glês by de haadyngong eare.

Ald-jeugdspilers

De kommende wiken sille ek promininte âld-jeugdspilers harren stim hearre litte. "Mei de supportersferienings sille sy oproppe om de klup te stypjen mei itjinge wat sy misse kinne en wolle. Wy begripe ek goed dat fans om de bekende redens net dat dwaan kinne wat se graach wolle soene", ferfolget Hunneman. "De aksje hjit dus ek net foar neat #MEIINOAR. Allinnich mei-inoar kinne we in sukses meitsje fan dizze aksje."

(advertinsje)
(advertinsje)