MCL ferrommet besiteregeling mei yngong fan 1 july

01 jul 2020 - 11:13

De besiteregeling yn it Medisch Centrum Leeuwarden wurdt mei yngong fan 1 july ferromme. Foar de besitetiden jilde de reguliere tiden wer. Wol meie pasjinten mar ien besiker de oere ûntfange.

Foto: MCL

Pasjinten kinne ien besiker ûntfange tusken 14.30 en 16.30 oere en tusken 18.30 en 20.00 oere. Fan 7.00 oant 21.00 oere is de tagong fia de haadyngong. Bûten dizze oeren is de tagong by Spoedeisende Hulp.

De triaazje by de haadyngong giet troch yn oanpaste foarm. Der wurdt ôfskaald fan seis triaazjeposten nei ien. Pasjinten en besikers wurdt foar binnenkomst fan de haadyngong frege oft se mooglike symptomen hawwe.

Utsûnderings

Der binne útsûnderings op de besiteregeling. Pasjinten dy't mooglik corona hawwe, meie gjin besite ûntfange oant de testútslach bekend is. Positive coronapasjinten meie trije kear yn 'e wike, op ôfspraak, ien besiker ûntfange. Dêrby giet it om maksimaal ien oere de besite. Dêrby jilde strikte hygiëneregels, wêrûnder it gebrûk fan persoanlike beskermingsmiddels.

Der binne ek oare útsûnderings, ûnder mear foar de ôfdielings bernegenêskunde, neonatology, gynekology en intensive care. De aktuele ynformaasje dêroer is fan 1 july ôf te finen op de webside fan it MCL.

(Advertinsje)
(Advertinsje)