Yn oantinken: Robert van Wieren (1942-2020)

Op 30 juny ferstoar Robert van Wieren. Robert wie de âldste fan de fjouwer bruorren Van Wieren dy't yn de keatswrâld in net út te wiskjen namme opboud hawwe. De Van Wierens fan Marsum: dan wit eltsenien oer wa't it giet.
Robert van Wieren (1942-2020) © Henk Bootsma
Robert van Wieren waard berne op 24 juny 1942 yn it Eastenrykse Wenen, as soan fan Wijbren van Wieren en Henriëtte Eidler. Benammen de mem fan Robert waard yn it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch geregeld oansjoen foar in Dútske frou en dat smiet de nedige haatlikens op. Fandêr dat besletten waard te ferhúzjen nei it bertelân fan Robert syn mem, Eastenryk.
De húshâlding komt werom yn Nederlân en nei de oarloch fêstige Wijbren van Wieren him lang om let as kapper yn Marsum. En dat soe ek it berop wurde fan Robert van Wieren. Dat berop hie konsekwinsjes foar syn keatskarriêre. Op de sneons moast hy yn de saak oan it wurk, dus hy koe allinnich op snein keatse.

Frustraasje

En keatse koe hy. Yn 1959 wûn hy foar Marsum in lytse preemje op de Freule Partij, in jier letter folge troch in oerwinning op de Jong Nederlân Partij.
Yn 1972 wûn hy, mei broer Wybren en Lammert Breuker, de Bûnspartij. PC winst siet der foar de âldste Van Wieren net yn. Krekt net. Yn 1968 stie hy mei Pier de Groot en Gerrit van der Heide op It Sjûkelân yn de finale. Dêryn wiene Johan van Seijst, Johannes Westra en Tamme Velstra te sterk. Dat hy de PC nea wûn hat, neamt Robert van Wieren yn it boek De fiifde woansdei, 150 jier PC, in frustraasje. Mar it tekenet de hechte famyljebân fan de Van Wierens, as hy dêr direkt oan taheakket: "Mar Klaas en Wyb hawwe him tegearre tsien kear wûn en dat makket wer in soad goed".

Kening

Ien kear yn syn keatstiid waard Robert van Wieren kening fan in earsteklas partij. Dat wie al yn 1963 yn Bitgum. Noch mar krekt 21 jier âld stie Robert oan de ein fan de dei mei de 'feteranen' Roel Hoekstra en Wijtse Vlietstra mei de krâns om 'e nekke en de keningspriis yn de hannen. En sy wûnen in fyts.
Mar sa as dat gie yn dy tiid: der moast fansels al efkes neisitten wurde. En ek op dat mêd koe Robert van Wieren aardich meikomme. Sy sieten noch net sa lang yn it kafee doe't it stjoer fan de fyts al konsumearre wie, sa skriuwt Rynk Bosma yn syn boek oer de Van Wierens. It frame, de tsjillen, it kettingkast: it waard allegear omset yn alkohoalyske lekkernijen. Mar Robert wie wol de kening.

149 punten

As je nei de keale sifers fan Robert van Wieren syn keatstiid op it heechste nivo sjogge, dan docht bliken dat hy yn syn aktive tiid 149 punten byinoar slein hat. 17 earste prizen, 29 preemjes en 40 lytse preemjes berikten de prizekast fan de Marsumer kapper. Dêrmei is hy net de meast suksesfolle keatser út de Van Wieren-dynasty. Dy eare giet nei syn bruorren Klaas en Wybren, dy't beide bygelyks fiif kear de PC wûn hawwe en folle heger yn it klassemint stean.
Foar de mindere sifers fan Robert yn fergeliking mei syn bruorren binne wol in pear ferklearringen te jaan. Troch syn berop as selsstannich kapper, koe hy dus allinnich mar op snein keatse. En dan woe Robert van Wieren him ekstra sjen litte. As in bal boppe koe, dan gie de bal boppe. As dat eins net koe, dan woe Robert de bal dochs boppe hawwe. Betink hjirby dat yn dy tiid it materiaal bepaald net de klasse hie fan no. Op de boppe slaan koste krêft, dêr't it hjoed-de-dei folle mear in kwestje fan technyk is. Der wiene genôch keatsers dy't Robert warskôgen: "Net te gek jonkje, want do giest stikken". Sy krigen gelyk. Robert wie noch net sa âld doe't in 'stikken skouder' (in bekend fenomeen yn dy jierren) him optimaal keatsen ûnmooglik makke.
Robert van Wieren mei syn broer Jos © Henk Bootsma
Nettsjinsteande dy beheining hold Robert van Wieren him noch behoarlik lang steande. Dat hie alles te krijen mei syn karakter, syn útstrieling, syn 'flamboyante' ferskining, syn prachtige markante kop, mei moai trimde burd, syn populêrens by it folk en syn eigen resept fan helpmiddeltsjes. Yn 'e klaaikeamer wie it lytse flakontsje nea fier wei. Yn in rappe beweging naam Robert ynspirearjende slokjes út dy flakon. It ferromme him. It makke him wisser en hy krige der de nedige praatsjes fan. Praatsjes dy't nea ferfelend waarden. Wêr't Robert van Wieren ek op in keatsfjild kaam, dêr soarge hy foar opskuor. Hy sei it sels: "Ast it mei keatsen net winne kinst, dan kinst de tsjinstanner der ek ôfprate". En sa waard Robert in fleurich en kleurryk man yn 'e keatsmienskip.

Hotze Schuil

Wat dy slokjes oanbelanget; dêrby hie hy in goeie maat. Hotze Schuil, de legindaryske "Lange út Harns", die it ek geregeld. En Hotze Schuil en de Van Wierens, dy hiene wat mei-inoar. In bysûndere soarte fan gemy bestie der tusken de Harnzer Schuil en de fjouwer Marsumer bruorren Van Wieren. Yn 1972 sochten Robert van Wieren en Lammert Breuker in tredde maat foar de PC. Fia Jolke Former, in grut fan fan 'De Lange', kamen sy út by Hotze Schuil. Schuil hie al in pear kear ôfskied naam fan it keatsen, mar woe noch wol in kear mei dizze jonges keatse. Ien betingst: se moasten him al in deihier fergoedzje, want as los arbeider moast Schuil dy dei ynkomsten misse. Folslein logysk fûnen Breuker en Van Wieren en sa kaam Hotze Schuil nochris werom op de keatsfjilden. It waard in sensaasje. It folk wie optein en folslein op 'e hân fan de populêre manlju Hotze Schuil, Robert van Wieren en de entûsjaste Lammert Breuker. It aventoer einige mei in prachtige lytse preemje en it befêstige de bân tusken Hotze Schuil en de Van Wierens.

PC Kafee

Dy bân krige noch mear stâl by it ferstjerren fan Hotze Schuil yn 2005. Op in yndrukwekkende gearkomste op It Sjûkelân (wêr oars) waard de kiste fan Schuil droegen troch de fjouwer bruorren Van Wieren, mei Piet Jetze Faber en Johannes Brandsma. Dy seremoanje moast fansels wat oefene wurde. Dus de seis dragers wienen moarns al yn Harns om de spesjale technyk fan it dragen fan en rinnen mei in kiste ûnder de knibbel te krijen. Dat slagge goed en doe't de repetysje efter de rêch wie, stiene de mannen bûten in sigaretsje te smoken. En sy lieten har ûntfalle dat dy kiste dochs wol swier wie. Dat waard heard troch in foarby fytsende Harnzer. En dy rôp: "Aaah jaa jonge, mar sy hewwe al syn bekers oek in die kist gooid". Humor is nea fier fuort as der keatsers yn 'e buert binne.
Yn 2018 hiene wy Robert van Wieren útnûge yn PC Kafee. Wy soenen wiidweidich stilstean by syn moaie twadde priis fan fyftich jier ferlyn op de PC. It kaam der net fan. Flak foar dy tiid waard Robert van Wieren troffen troch in harsenynfarkt. En sûnt dy tiid hawwe wy him net mear sjoen yn it iepenbiere libben. Syn sûnens gie de lêste tiid, troch in bykommende slimme sykte, efterút, sa fernamen wy.
En no hat Robert van Wieren syn plak yn it perk en de opslach definityf oerjaan moatten. De keatswrâld hat wer in kleurrike soan ferlern.