Tsjerken meie wer iepen, mar guon hâlde de doarren oant 1 septimber ticht

Fan woansdei ôf meie oeral wer gruttere groepen minsken, op oardel meter ôfstân, by inoar komme. Foar tsjerken soe dat in moaie opstekker wêze, mar út in belrûntsje fan Omrop Fryslân docht bliken dat de measte tsjerken pas op 1 septimber wer iepen wolle.
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
"Je merkt dat mensen weer heel graag samen willen komen, maar ook nog best wel voorzichtig zijn", leit klassispredikant Wim Beekman út. Neffens him wie it maklik om alles ticht te smiten, mar is it folle dreger om alle tsjerken wer op te starten. De tsjerken freegje har ôf oft it it allegear wol wurdich is om de boel wer iepen te dwaan.

Net sjonge

Der hinget nammentlik in oantal betingsten oan it iepengean. Der mei net songen wurde en minsken moatte har oan rinrûtes hâlde. Dêrneist moatte tsjerkegongers noch altyd op oardel meter fan elkoar ôf sitte, wêrtroch't der noch mar in kwart fan de minsken yn de tsjerke kin. Beekman: "Dat is best wel een puzzel. Daar hebben we een protocol voor opgesteld."
Foar it sjongen is ek in oplossing fûn. Sa wurdt der wol oargelmuzyk spile en kinne minsken meineontsje as se dat wolle. Dêrneist wurde de psalmen gewoan foarlêzen, yn stee fan songen. "Zeker kleine kerken zeggen dat dat wel lukt voor komende zondag. Als je erover nadenkt, is er best veel mogelijk."

Toeristyske gemeenten

It falt Beekman wol op dat toeristyske gemeenten oars tsjinoer it iepengean stean. Sy kinne neffens him minder goed kontrolearje wa't der delkomt en wolle dus ek minder gau iepen. Beekman: "Voor Molkwerum is het mogelijk om een beetje te monitoren wie er komen. Voor een gemeente als Heeg is dat moeilijker."
Oare reden dat de tsjerken ôfhâldend binne mei iepengean, is dat de online tsjinsten goed rinne. Gemeenten hawwe de ôfrûne moannen hurd wurke om digitale tsjinsten te realisearjen. "Ze zullen daar dan ook minder snel van afstappen. Ze willen eerst de vakantie afwachten en daarna terug naar de oude diensten", leit Beekman út.

Risikogroep

Der gean in soad âlderen nei de tsjerke, mar sy binne krekt de risikogroep. Komme sy wol werom nei de tsjerke? Neffens Beekman is de âlderein foarsichtich en hâlde se goed rekken mei harren sûnens. "Maar het zijn diezelfde ouderen die zeggen dat ze ernaar uitkijken om elkaar weer te ontmoeten."
Predikant Wim Beekman oer de ferromming fan de coronamaatregels