Ministearje jout 1,4 miljoen euro foar ûntwikkeling mediakampus yn Ljouwert

01 jul 2020 - 12:29

It ministearje fan Underwiis draacht 1,4 miljoen euro by oan de ûntwikkeling fan in kampus foar media-ynnovaasje yn Ljouwert. Dy moat komme op it terrein fan NDC mediagroep. De kampus sil him rjochtsje op it oplieden fan mbû-studinten yn 'e rjochting fan media en ICT, mei as doel om harren better ta te rieden op 'e arbeidsmerk.

Foto: Kweekvijver Noord

It jild komt út it regionaal ynvestearringsfûns mbû (RIF). It Friesland College hat de oanfraach yntsjinne, yn gearwurking mei NHL Stenden en NDC mediagroep. Mear as tweintich bedriuwen, de gemeente Ljouwert en de provinsje binne as partner oan it projekt ferbûn.

Twa opliedingen

It Friesland College en NHL Stenden ûntwikkelje yn oparbeidzjen mei de bedriuwen twa 'Associate Degree's' op 'e kampus: Online Content Creator en Creative Media Professional. Mei de opliedingen moat de ferbining mei it hbû fersterke wurde. It is de bedoeling dat studinten en bedriuwen tegearre oan de slach geane mei útdagingen op it mêd fan media en ICT.

"Het gaat niet alleen over mediastudenten, maar ook over het samen inspelen op de digitalisering en veranderende beroepen", fertelt Sicco Piekeboer, direkteur fan it Friesland College. "Het gaat dan bijvoorbeeld om media en ICT. Het is niet alleen een opleidingsplaats, maar meer een samenwerking in de regio."

Ferbiningspunt

Neffens Piekeboer moat de kampus in ferbiningspunt wurde yn Fryslân. De 1,4 miljoen euro fan it ministearje is in moaie opstekker, mar der is noch mear jild nedich foar it projekt. "Het vraagt een investering van het onderwijs, maar ook van de NDC zelf. Maar er zijn ook twintig partners die er geld en energie in gaan steken."

Wannear't de kampus foar media-ynnovaasje krekt realisearre wurde moat, is noch net dúdlik. "Het is een meerjarenplan wat in ontwikkeling is", neffens de direkteur.

Direkteur Sicco Piekeboer fan it Friesland College

(Advertinsje)
(Advertinsje)