Kollum: "Nei Grins"

01 jul 2020 - 08:32

"Lutz Jacobi fytste snein út har Wergea wei nei Warten. Doe it Leechlân yn, rjochting Grou. Ynienen seach se hege, grize, bewegende bergen boppe de toarre greiden útstekken. Lutz skrok har it lazarus, skille daliks nei steatssiktaris Stientje van Veldhoven en rôp "se ha de MSC Zoe loslitten. Dy fart hjir troch it kanaal". Jimme begripe dat de Waadferieningdirekteur noch altyd lêst hat fan nachtmerjes oer dat kontenerskip.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Stientje ried hurd nei de Foanejacht en seach dat it net de MSC Zoe, wie mar de CarinAlexander. Twa nammen, mar dat mei ek wol foar sa'n grut skip. It earste 135-meterskip dat ea oer it kanaal kaam. Grint foar de Tille. Stientje knikte, dat hiene se ommers ôfpraat. Goed utillearre skippen fan 135 meie tenei ek op it Prinses Margrietkanaal.

Je ha rûchwei trije maten binnenfeartskippen. Doe't Hylke Speerstra en ik begjin 70-er jieren by it skipperswykblêd Schuttevaer sieten, fûnen we de nije 86 meterskippen al hiele jûkels. Logysk, we wiene grutbrocht mei de ferhalen fan de âlde skûtsjeskippers en opgroeid mei lytse motorskipkes. Spitsen fan 40 meter, oars koenen se net troch de Belgyske slûzen. Letter de Kempenaars, dy wiene sawat 50 meter. Dus de 86 meters wiene bakken. Letter kamen de 110-meterskippen. Earst fan Dútslân nei Rotterdam, mar úteinlik binne se ek op de rûte De Lemmer-Delfsyl kaam.

De provinsje Fryslân makke yn dy tiid hastich alternative rûtes foar de rekreaasjefeart. It blykte lykwols dat fakânsjegongers omfarre net oan tiid ha. Boppedat hat Rykswettersteat it kanaal oernaam. Dy tinke hielendal nearne om. Sterker, witte jim dat der net iens kritearia sa as breedte en djipte binne foar in kanaal om dy 135 meter skippen hawwe te kinnen. Dat bepaalt Rykswettersteat gewoan út de losse pols. Ekstra fergunnings.

De Iselmarslûs by De Lemmer is 260 meter, dus dêr kin mar ien 135-er yn. Dat betsjut dat frijwol alle rekreaasje aanst troch de Lemster gemeenteslûs moat, dat wurdt in pandemoanium troch De Lemmer. Dizze CarinAlexander is hast 12 meter breed, dat kin krekt. Mar 135 meter skippen binne der ek fan 14 meter, dy wolle se hjir aanst ek ha. Dy farre alle brêgen der dus út. Hy hie no 2750 ton split yn, mar kin der 3800 yn ha. Dan stekt er al gau mear as trije meter. De saak sil dus ek wer útbaggere wurde moatte, as der aanst mear fan dy jûkels troch Fryslân farre.

Nee, ik sis net fan: net dwaan en dat alles fan eartiids better wie as no. Mar je sjogge yn alle geledingen fan de mienskip dat de techiken altyd hurder gean as it meitsjen fan romte foar dy techniken. It kanaal is hjir noch net klear foar. No hoegde dizze noch net fierder as de Tille, mar fierderop yn Grins is it absolút noch behelpen.

Stientje ried tefreden wer nei hûs. Mar doe skold ús deputeare Avine Fokkens har de bealch fol om't se dat o sa positive Lelylijnrapport yn har ûnderste laad kwakt hie. Sa fan: dan kin aanst in nije regearing der wol nei sjen. As dy al ea formearre wurde kin yn dit politike lân fol ienlingen.

Tanksij Avine en de Ljouwerter Krante witte we no: foar 6,5 miljard euro yn 90 minuten fan Lelystêd nei Grins. Dat is de ôfwaging. Ik tink dat je mei in auto sawat like hurd kinne. De oare ôfwaging is dat Emmeloord en Drachten dan oan it spoar komme. Mar krekt dizze beide plakken binne tige goed ûntwikkele, sûnder in stasjon te hawwen.

Us deputearre knokt der lykwols yngreven foar. Prima. Inkeld, wat ha de bewenners fan Fryslân der eins oan. As je, sis mar, yn de buert fan Boalsert wenje gean je echt net fia Hearrenfean mei de trein nei Emmeloord. As je boppe Ljouwert wenje gean je echt net oer Drachten om in kear nei Arjan Robben te sjen. En de Fryske mienskip is o sa miljeubewust, mar sil de auto nea ynruilje kinne foar it spoar.

En efkes ûnder ús frou Fokkens. As de skipfeart allegear fan De Lemmer nei Grins giet, as de trein ek dy rûte nimt, dan ha se yn Ljouwert dochs gelyk dat se it stasjon mar wer yn de âlde kleuren skilderje. Want dêr komt dan noait mear wat lâns. "

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)