SOVIDZ spant koart pleit oan tsjin Steat om besiteferbod soarchsintra

01 jul 2020 - 09:00

Stichting Onnodige Vrijheidsbeperking in de Zorg (SOVIDZ) spant in koart pleit oan tsjin de Steat. Minister De Jonge ferbiedt ferpleechhûzen en lytsskalige wenfoarmen foar âlderein fan 1 july ôf besikers ta te litten as der ien of mear bewenners besmet binne mei corona. Neffens SOVIDZ giet dat streekrjocht yn tsjin fundamintele minskerjochten én tsjin de eigen oprop fan de minister oan ynstellings om maatwurk te leverjen yn coronatiid.

Berber Bijma - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

De Jonge hat de Feilichheidsregio's witte litten dat ferpleechhûzenfan 1 july ôf alle besikers en 'tredden' tagong wegerje moat sadree't ien of mear bewenners besmet binne mei it coronafirus. De minister rôp earder lykwols op 'no de romte te nimmen dy't der is'.

SOVIDZ fynt in besiteferbod foar in folsleine ynstelling bûtenproporsjoneel en is fan miening dat in folslein besiteferbod foar alle bewenners fundamintele minskerjochten lykas it rjocht op famyljelibben skeint. De stichting easket fan de minister dat it besiteferbod fuortendaalks ynlutsen wurdt.

Plysje-optreden

De minister hat de Feilichheidsregio de taak jûn om yn te gripen as 'ferpleechhûzen of lytsskalige wenfoarmen problemen ûnderfine mei it wegerjen fan besikers of tredden dy't de lokaasje binnen besykje te kommen'. SOVIDZ fynt dat mei it eksplisite befel om plysje yn te setten om famyljeleden by elkoar wei te hâlden, it wolwêzen fan kwetsbere boargers op ûnferantwurde wize op it spul setten wurdt.

Brânbrief

Neffens SOVIDZ makket de minister net dúdlik hoefolle bewegingsfrijheid net-besmette meibewenners oerhâlde. De stichting stjoerde de minister earder al in brânbrief. Se joegen him in wike de tiid om dúdlikheid te jaan oer de frijheid fan bewenners fan soarchynstellings en besikersregelingen. De minister hat lykwols net reagearre en dêrom beslút de stichting juridyske stappen te nimmen.

Berber Bijma is foarsitter fan SOVIDZ. Sy kaam earder op foar har heit dy't bewenner is fan Foswert yn Ferwert. Neffens har wie de besiteregeling yn Foswert folle stranger as de lanlike rjochtlinen. Ek no wurdt der yn it lân ferskillend omgien mei de rjochtlinen.

Inspectie Gezondheidszorg en Jeugd

De stichting krijt in soad meldingen fan ynstellingen dy't de regels net ferromje, wylst minister De Jonge wol in oprop dien hat foar minder strange regels op de parsekonferinsje fan 24 juny. SOVIDZ ynventarisearret dy ferhalen no en sil se dêrnei foarlizze oan de Inspectie Gezondheidszorg en Jeugd, mei it fersyk om by dizze ynstellings it tafersjoch wer rap op te pakken. De ynspeksje soe dêr goedwillich tsjinoer stean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)