Undernimmersferiening Dokkum set alles op alles foar in moaie simmer

De ûndernimmers yn Dokkum brûze fan de ideeën om der dochs noch in moaie simmer fan te meitsjen. Om't in fergunningsoanfraach foar grutte eveneminten al gau seis wiken yn beslach nimme kin, fokusset Undernimmersferiening Dokkum op lytsskalige eveneminten. De gemeente Noardeast-Fryslân tinkt dêryn folop mei.
It sintrum fan Dokkum © Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
Foar guon ûndernimmers liket it in ferlerne simmer. Undernimmersferiening Dokkum is lykwols posityf. Yn de stêd stiet al fan alles op stapel om der moaie wiken fan de meitsjen. Ein dizze wike wurdt der mear dúdlik as de Feilichheidsregio Fryslân mei nij belied komt foar lytse eveneminten. As de Feilichheidsregio grien ljocht jout, is it de bedoeling dat de Dokkumer binnenstêd 'programearre' wurdt, sa't Undernimmersferiening Dokkum it sels útleit.

Admiraliteitswiken

Wichtichste ûnderdiel fan de plannen is om de programearring fan de Admiraliteitsdagen, dy't no net trochgean, út te smarren. "Wy wolle de Adimraliteitsdagen omdope ta de Admiraliteitsweken. Sa pakke we it hiele seizoen en helje we elke dei in lyts oantal minsken nei de stêd ta", leit Eric Kooistra fan de ûndernimmersferiening út.
De keunst is no om de stêd fan moandei oant en mei snein gesellich te meitsjen. De ûndernimmersferiening sjocht mei de gemeente en in arsjitekteburo hoe't de iepenbiere romte oars ynrjochte wurde kin. De hoareka-ûndernimmers hawwe yntusken tastimming krigen om harren terrassen út te wreidzjen. Kooistra: "Der binne sels terrassen op boaten boud. En as de hoareka iepen is, sjochst dat de winkeliers it better hawwe. Dy gearhing is hiel dúdlik."
De Admiraliteitsdagen yn Dokkum © Marit Anker
Der wurdt neitocht oer aktiviteiten foar jong en âld. Sa moat der bygelyks in reuzerêd en in draaimûne komme. Dêrmei wolle de ûndernimmers ek in statement meitsje: "Om Dokkum letterlik wer op draai te bringen", leit Kooistra út. "We binne no oan it sjen hoe't we dat ymplemintearje en stjoere kinne, mei bygelyks kaartsjes en tiidslots."

GO-loket

De Dokkumer ûndernimmersferiening besiket fuort te bliuwen fan gruttere fergunnings, dêr't in soad tiid foar nedich is. De gearwurking mei de gemeente dêryn rint goed, neffens Kooistra: "Dy is super. Kinst echt sjen dat de gemeente it belangryk fynt. We hawwe ek tegearre mei de gemeente it GO-loket (Gemeente-Ondernemers-loket) iepene foar ûndernimmers dy't it dreech hawwe. Sy kinne dêryn stipe krije fan de bank en oare ûndernimmers. Mar se kinne der ek telâne as se ideeën hawwe."
It brûst fan de ideeën dus yn Dokkum. De ûndernimmersferiening komt eltse wike gear mei ûnder oare de gemeente om de plannen fierder út te wurkjen. Kooistra: "De plannen binne hiel konkreet. We wolle Dokkum wer draaiende bringe."
Fan 1 july ôf is der gjin limyt mear oan it oantal minsken dat gearkomme mei, salang't minsken reservearje en der in sûnenstsjek dien wurdt. As dêr net foldien wurde kin, jildt der in maksimum fan 100 minsken op binneneveneminten en 250 bûten. Ek moat noch altyd de oardel meter ôfstân oanhâlden wurde.
Eric Kooistra fan ûndernimmersferiening Dokkum.