Feestje op de Weaze: sekswurkers telle ôf oant se wer oan it wurk kinne

De doarren fan sekswurkers giene tiisdeitenacht om klokslach 0.00 oere wer iepen. It kabinet hat de coronaregels foar de beropsgroep ferromme, wêrtroch't de wurkers wer oan de slach kinne. Op de Weaze yn Ljouwert wie der sels in lyts feestje en in ôftelmomint mei de wurkers, de eksploitant en in oantal besikers.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
De keammerkes op de Weaze binne yntusken hielendal coronaproof makke, sadat klanten feilich delkomme kinne. "Ik bin bliid dat it 1 july is. Ik wol graach wer nei boppen ta", fertelt in besiker oer de feestlike muzyk hinne.
De man hat syn besites de ôfrûne tiid mist en is bliid dat de restriksjes oer binne. Hy makket him lykwols noch wol soargen oer de oardel meter: "Ik tink dat dat hiel muoilik wurdt. Mei oardel meter is dit ûnmooglik."
Mirella wurket al seis jier yn de prostitúsje yn Ljouwert. Doe't it coronafirus útbruts, kearde se werom nei har famylje yn bertelân Roemenië, om't har wurk yn Fryslân stillei. Doe't se wer yn Nederlân wie, koe se by eksploitant Danny ferbliuwe. 'Hy soarge goed foar my. Hy joech my ûnderdak, iten en jild as ik dat nedich hie', fertelt Mirella.
De Roemeenske hat de ôfrûne dagen ôfteld oant se wer oan de slach koe en is ferromme dat se har wurk wer oppakke kin: 'Fansels, ik bin út 'e skroeven.' Mirella wit dat it net itselde wêze sil as foar de corona-útbraak. De wurkers moatte nije regels oanhâlde, wêrtroch't it wat oanpassen en dreger wurdt. 'Mar we moatte trochgean.'
Ferslachjouwer Willem de Vries wie by it ôftelfeestje op de Weaze yn Ljouwert