Provinsje komt bedriuwen yn 'e mjitte mei subsydzje foar 1,5 meter-maatregels

30 jun 2020 - 22:48

Provinsje Fryslân stelt 1 miljoen euro beskikber foar bedriuwen om harren oan te passen oan de 1,5 meter-ekonomy. Eltse ûndernimmer yn de rekreaasje- en toerismesektor kin fan 13 july ôf 1.500 euro oanfreegje by it Samenwerkingsverband Noord-Nederland.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Neffens deputearre Avine Fokkens jout it in lyts bytsje stipe foar ûndernimmers dy't yn in drege tiid ynvestearje moatte om oan feiligensregels te foldwaan. Ûndernimmers kinne maksimaal 50 prosint subsydzje krije op de makke kosten foar de oanpassingen, mei in minimum bydrage fan 1.000 euro en in maksimum fan 1.500 euro. Ek as dy nei 6 maaie dien binne.

Mei in spesjaal foar de coronakrisis oprjochte Taskforce Recreatie en Toerisme hat de provinsje it aksjeplan makke. Dy Taskforce bestiet út fertsjintwurdigers fan de Toerisme Alliantie Fryslân, Koninklijke Horeca Nederland, Hiswa/Recron, Merk Fryslân, Ynbusiness, Innovatieplatform Fryslân en Hotel Friesland.

(Advertinsje)
(Advertinsje)