McDonald's mei hegere reklamemêst delsette op De Jouwer

Fastfoodrestaurant McDonald's mei op De Jouwer in reklamemêst fan 30 meter pleatse by it parkearterrein. It restaurant fynt dat de sichtberens fan de A7 ôf troch it oanpassen fan it ferkearsknooppunt ôfnommen is. Hjoed-de-dei is de mêst noch 20 meter heech. Mar provinsje Fryslân hat besletten dat dêr in stik by op mei.
© Omrop Fryslân, Sian Wierda
De provinsje hie earder oanjûn de foarkar te hawwen foar in legere mêst, dêrom hat gemeente De Fryske Marren it foarstel foarlein oan Deputearre Steaten.