Direkteur Fries Landbouwmuseum teloarsteld yn provinsje: subsydzje nei nul

30 jun 2020 - 22:53

It kaam as in tongerslach út in kleare loft. It Fries Landbouwmuseum krijt gjin subsydzje mear mei de nije ferdieling fan it kultuerjild fan de provinsje Fryslân. It museum krige elts jier sa'n 185.000 euro en hie krekt ekstra jild oanfrege foar nije plannen. Yn totaal gie it oer 300.000 elts jier. Mar it waard in spikerhurde nul.

It Fries Landbouwmuseum yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

"Dit hiene wy sels net ferwachte," seit direkteur Henk Dijkstra. "Wy hiene goeie plannen, fûnen wy sels. Ik kin my net hielendal fine yn it advys, neffens my hiene wy wol sa'n bytsje opskreaun wat sy fan ús ferwachten. Mar de kommisje tinkt der oars oer, dus dat is sa. Wy hiene ek in ambisjeus ynvestearringsprogramma en in soad jild beskikber. Dus wy wiene wol optimistysk. It is fansels ferdieling fan earmoede, dus wy hiene wol ynskatten dat der kâns wie op wat minder. Mar nul, dat is apart. Wy seagen dit echt net oankommen."

Wat der no barre moat, wit Dijkstra noch net krekt. "Wy hawwe nije wike bestjoersgearkomste, dan moatte wy it der mar rêstich oer hawwe. Wy moatte earst it rapport ris goed lêze. De deputearre seit ek dat der noch oare mooglikheden binne. Wêr't it jild krekt weikomt, dat kin ús net sa'n soad skele. As it der mar is."

Unmisber, mar ek in lytse 'foldwaande'

Ynhâldlik krijt it museum in 'foldwaande' yn it rapport fan de kommisje, mar dat moat minimaal 'goed' wêze. "Dêr kinne je net in soad mei. Ik moat it noch goed lêze," seit Dijkstra. It rapport seit wol dat it Fries Landbouwmuseum ûnmisber is. "Dat jout hoop foar de takomst. Dus wy moatte mar ris in petear hawwe mei frou Poepjes om te sjen hoe't wy dit oplosse." Deputearre Sietske Poepjes presintearre de plannen tiisdei.

Noch net sa lang lyn is it museum fan Earnewâld nei Ljouwert ferhûze. Ek in djoer grapke. "Der is troch de provinsje op oantrune dat wy ferhûzje soene. Dus wy hawwe dat kreas dien en wy hiene ek moaie plannen foar de takomst. Dus sa besjoen is it teloarstellend." Der wurdt sein dat it museum in bredere definysje hawwe moat, as in museum foar it Fryske plattelân. Dijkstra: "It gekke is: dat roppe wy al hieltyd. Dat binne wy al lang en sa steane der wol mear dingen yn wêrfan ik tink, dat dogge wy al lang. Ik begryp it net hielendal."

It Fries Landbouwmuseum yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Unôfhinklik

Anne Zijlstra fan PvdA Fryslân tinkt wol dat de provinsje it goed oanpakt hat mei in advyskommisje. "Der binne in oantal minsken hiel bliid, mar der binne ek minsken dy't de tosken knarse om't sy te min jild krije. En ek minsken teloarsteld. Mar wy hawwe echt keazen foar in ûnôfhinklike kommisje, dat is echt winst. Ut harren saakkundigens wei hawwe sy it beoardiele."

Kritysk

Zijlstra fynt it ek wichtich om kritysk te bliuwen. "Us kwaliteit is al geweldich nei LF2018, mar dy artistike kwaliteit moat ek in spearpunt wurde. Dat sjogge je ek yn in tal ôfwizingen, dat dat in wichtige kar is.

Ek de PvdA'er seit dat der lykwols noch wol mooglikheden binne foar de partijen dy't minder út de bus komme. "It soe wêze kinne dat wy yn de oare programmalinen sjogge nei subsydzjemooglikheden om dy partijen der hinne te lieden. Of dat winsklik is en hoe't dat moat, dat moatte de deputearre en de amtlike tsjinst útwize."

Direkteur Henk Dijkstra fan it Fries Landbouwmuseum en Anne Zijlstra fan PvdA Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)