Pier21, Planetarium en Museum Martena wiis mei kultuerjild

Ien fan de projekten dy't as grutte 'winner' út de bus komt by it ferdielen fan provinsjaal kultuerjild is Pier21 fan David Lelieveld. Pier21 krijt de kommende fjouwer jier elts jier goed 250.000 euro. "Wy wiene út de skroeven!", seit Lelieveld.
Pier21 mei lokaasjefoarstelling Skaad © Pier21
"Wy hawwe der acht jier oan wurke en meitsje alle jierren foarstellingen troch de provinsje mei moait publyksoantallen. No wurde wy beleanne. It is in erkenning foar it hurde wurkjen en foar de risiko's dy't wy nimme," seit Lelieveld. "Mei dit jild kinne wy noch mear útpakke, en profesjoneler. Djipper de saken útsykje. Wy krije ek oar jild, fan publyk en sponsoaren."

Reizgjend toaniel

Lelieveld leit út wat Pier21 docht. "Wy meitsje toanielfoarstellingen dy't troch de doarpen yn Fryslân reizgje. Wy reitsje faak maatskiplike tema's oan dy't libje. Us earste foarstelling yn 2013 giet oer in Fryske boer dy't as emigrant nei Kanada reizge en 50 jier letter werom kaam yn Fryslân. Dy hawwe wy ek yn Kanada spile. It is moai om sa ferhalen te fertellen, dat dogge wy no al acht jier. Nei de simmer sille wy los mei de foarstelling 'Wat Soesto!' oer it boerelibben en de famyljes."
Pier21 is ien fan de 'winners,' mar der binne ek partijen dy't der minder goed út komme. "Dat is fansels wol sneu. Ik wit net sa goed wat ik dêr fan fine moat. It is wol soer, want ik wit hoe hurd je wurkje om alles foarinoar te krijen," seit Lelieveld.
David Lelieveld fan Pier21

Planetarium en Museum Martena moatte gearwurkje

Ek yn Frjentsjer giet de flagge út. It Keninklik Eise Eisinga Planetarium en Museum Martena krije 600.000 foar de kommende fjouwer jier. Tegearre moatte sy it ferhaal fan de universiteit en de wittenskip útdrage. Neffens de kommisje moatte de twa musea inoar fersterkje. Ek ynhâldlik, dat is in betingst foar de subsydzje. Foar dy gearwurking wurdt 150.000 euro útlutsen.
It Planetarium jout oan mei dizze tasizzing ek better fierder wurkje te kinnen oan de ambysje foar de wrâlderfgoedstatus.
Adrie Warmenhoven en Manon Borst © Eise Eisinga Planetarium en Museum Martena