Provinsje praat mei KNSB oer 'strukturele oplossing' foar Thialf

30 jun 2020 - 22:52

De provinsje Fryslân is no ek yn petear mei reedridersbûn KNSB oer 'in strukturele oplossing' foar Thialf. Provinsjale steaten lutsen earder dizze moanne twa miljoen euro út om te foarkommen dat Thialf fallyt giet en de gemeente Hearrenfean ien miljoen. Om de takomst fan Thialf op langere termyn feilich te stellen binne lykwols ek bydragen nedich fan oare partijen lykas NOC*NSF en de KNSB.

Foto: Martin de Jong Fotografie

NOC*NSF sei earder al in bydrage ta fan 250.000 euro it jier. It reedridersbûn hat no yn in brief oan de provinsje oanjûn dat it bûn graach mei de provinsje yn petear wol om tegearre oan in 'strukturele oplossing' te wurkjen.

It reedrydbûn hat noch gjin fêste jierlikse bydrage tasein, mar deputearre Sander de Rouwe is likegoed wiis mei it oanbod. "De KNSB hat noch gjin haadsponsor, Thialf ek net. Ik kin my goed foarstelle dat wy ek op dat terrein gearwurkje. It giet om in mienskiplik belang. Thialf is in ikoan foar de reedrydsport; wichtich foar Fryslân, mar ek foar de KNSB."

Lange termyn

De Rouwe is drok mei it iisstadion sûnt dúdlik waard dat it iisstadion troch in grut finansjeel tekoart rjochting fallisemint drige te gean. Dat gefaar is no foarearst fan de baan troch bydragen fan provinsje en gemeente en besunigingen by Thialf sels. Mar foar in sûne eksploitaasje op lange termyn moat mear gebeure. De Rouwe: "Sûnder strukturele bydragen fan oaren kin it net, mar we gean stapke foar stapke foarút en sa sjoch ik it oanbod fan de KNSB ek."

Second opinion

De ôfrûne wike hawwe de provinsje, gemeente en Thialf in ûndersyksburo de opdracht jûn foar neier ûndersyk nei de sinnepanielen op it dak fan Thialf. De fersekering easket dat de sinnepanielen foar 1 oktober fuorthelle wurde. Omdat de sinnepanielen wichtich binne foar de enerzjyfoarsjenning en in sûne eksploitaasje hat De Rouwe opdracht jûn foar in 'second opinion' oer de mooglike risiko's foar sinnepanielen op it dak fan it iisstadion.

"Is der wat mislearre by de oanlis? Is it risiko echt sa grut as de fersekering tinkt? Dat binne saken dy't we echt op koarte termyn witte moatte, foar't we hjir fierdere besluten oer nimme kinne." De deputearre heakket der oan ta dat de útkomst fan it ûndersyk ek wichtich wêze kin foar oare gruttere kompleksen dy't graach sinnepanielen pleatse wolle. De útkomsten fan it ûndersyk wurde op syn betiidst heal augustus ferwachte.

Deputearre Sander de Rouwe

(advertinsje)
(advertinsje)