Sûnensekonoom Jochen Mierau: corona-stopljocht nedich yn regio's

30 jun 2020 - 19:22

Der moat in soarte fan stopljocht komme foar coronamaatregels yn de regio, dat fynt sûnensekonoom Jochen Mierau fan de Rijksuniversiteit Groningen. Want wêrom soene de maatregelen yn Fryslân ferskerpe wurde moatte, as der yn Brabân in coronabesmetting is?

Stopljocht - Foto: ANP

Op dit stuit is it coronabelied neffens Mierau net dynamysk genôch. Dêrtroch is der te min draachflak ûnder Nederlanners om harren oan de rjochtlinen te hâlden. Dêrom soe Nederlân neffens Mierau yn fiif regio's ferdield wurde moatte. Yn alle regio's moat dan de swierte fan de maatregels bepaald wurde. Mierau: "Idee is dat als er in een regio een uitbraak is, dat je dan per regio kunt verscherpen met maatwerk. Individuen en ondernemers hebben uitleg nodig voor het feit dat er zulke strenge maatregelen zijn. Hierdoor krijg je veel meer draagvlak van het beleid. Ze snappen waarom ze binnen moeten blijven."

Noarden as regio

Mireau: "Wat we nu hebben gezien in de eerste golf van de corona-uitbraak dat er een intelligente lockdown was, maar dat was wel een botte bijl voor het hele land. Als we ons voorbereiden op het najaar als er mogelijk regionaal kleinere uitbraken kunnen komen, dan zou het goed zijn om Nederland op te delen in vijf regio's. Als er in jouw regio geen corona is en in een andere wel, dan zouden er andere maatregelen moeten gelden."

Fryslân soe dan it bêst by Grinslân en Drinte kinne. "Als je Nederland in landsdelen in zou delen, dan kom je al gauw op het noorden uit, Groningen, Drenthe en Fryslân, en zuiden, oosten westen en midden. Allemaal regio's van twee tot drie miljoen mensen. Op een schaal waar je ook ruimte hebt om beleid in te voeren," seit Mireau.

In stopljocht soe dêr by helpe kinne. "Als het groen is doe je wat je normaal ook deed, oranje is ertussenin, een beetje zoals nu, en rood is iedereen thuis en wachten tot het ergste over is."

Proporsjoneel

Mierau stiet net allinnich yn syn stânpunt. Professor dr. Alex Friedrich, haad fan de ôfdieling mikrobiology en ynfeksjesykten fan it UMCG-sikehûs yn Grins seit al in skoft dat der sjoen wurde moat nei in regionale oanpak fan it coronafirus. "Ik denk dat de mensen willen zien dat de maatregelen proportioneel zijn aan het risico op besmetting en verspreiding. Als er weinig brandhaarden zijn, is het voor mensen ook moeilijk om in te zien waarom er stringente maatregelen genomen worden. Ik denk dat wij ons goed moeten beseffen dat het najaar geen herhaling wordt van het voorjaar. Deskundigen zeggen dat er grote kans is op regionale uitbraken."

Sûnensekonoom en heechlearaar Jochen Mierau

(Advertinsje)
(Advertinsje)