Loads yn 'e brân op It Hearrenfean

30 jun 2020 - 19:21

Yn in bedriuwsgebou oan de Ljouwerter Strjitwei op It Hearrenfean wie tiisdeitejûn brân. De brânwacht skeakele rap op nei middelbrân, sa't der ekstra auto's op it plak komme koene. De brân wie om healwei njoggenen hinne wer ûnder kontrôle.

Foto: CAMJO media / Jaring Rispens

In man dy't mei in heftruck de brân ynride woe, waard troch de plysje tsjinholden. Earder hie hy noch in boat út it gebou helle. De brânwachten fan It Hearrenfean en Tsjalbert wiene op it plak. By it bestriden waard ek in heechwurker ynset. De brânwacht frege minsken yn de omkriten om ruten en doarren ticht te hâlden. De strjitte wie foarearst ôfsletten.

Moandei wie der ek al brân oan de Ljouwerter Strjitwei. It giet net om itselde gebou.

Trefwurden: 
It Hearrenfean brân loads
(advertinsje)
(advertinsje)