Fryslân telt 20.000 Friezen minder yn it jier 2040

It tal ynwenners fan de provinsje Fryslân sil de kommende 20 jier mei sa'n 20.000 minsken weromrinne fan 650.000 oant 630.000 minsken yn it jier 2040. Dat stiet yn de nije befolkingsprognoaze dy't de provinsje tiisdei iepenbier makke. Befolkingsdelgong betsjut minder bern en minder jongelju en ek dûbele fergrizing. As de prognoaze útkomt wenje der yn it jier 2040 sa'n 188.000 65-plussers yn Fryslân en twa kear safolle 85-plussers as no.
© Shutterstock.com (Hyejin Kang)
Op dit stuit is it noch sa dat de provinsje Fryslân elts jier in bytsje groeit, mar deputearre Fokkinga giet der fan út dat der de kommende jierren in kear in 'omslachpunt' komt. "Op dit stuit is eins allinnich Noardeast-Fryslân krimpregio en hawwe we dêrnjonken in pear saneamde antisipear-regio's."

Basis foar wentebou

De befolkingsprognoaze wurdt troch de provinsje Fryslân ûnder oare brûkt by it meitsjen fan ôfspraken oer wentebou. Fokkinga is tagelyk fan betinken dat ek yn krimpregio's nijbou yn doarpen mooglik bliuwe moat. "It kin dan gean om ferfanging fan ferâldere wenten of om it by de tiid bringen fan besteande wenten." Yn kombinaasje dêrmei kin ek sloop nedich wêze fan wenten dy't net mear bewenne wurde en ek net mear foldogge oan de easken fan dizze tiid.

Lelylijn

De provinsje Fryslân fynt dat de gemeenten harren ynspannen bliuwe moatte om Fryslân oantreklik te hâlden foar Friezen en ek foar minsken fan bûten. "As de ferbiningen noch better wurde - tink oan de Lelylijn - dan wurdt it makliker om hjir te wenjen en op in oar plak te wurkjen", sa seit Fokkinga.
Om ferstannige maatregels nimme te kinnen yn krimpregio's stipet de provinsje Fryslân ek de kommende fiif jier de bysûndere learstoel Befolkingsdelgong en Leefberens. Bysûnder heechlearaar Bettina Block ûndersiket de kânsen en mooglikheden foar de leefberens yn krimpgebieten. Deputearre Fokkinga fynt it wichtich dat dit ûndersyk trochgean kin.
Harkje nei deputearre Klaas Fokkinga