Gjin sjampanje, mar triennen foar Friesland Pop: fan 155.000 nei 0 euro

"Dit is in klap yn it gesicht," seit Sjouke Nauta fan Friesland Pop as reaksje op de ferdieling fan it provinsjaal kultuerjild foar 2021-2024. Friesland Pop krijt foar de folgjende kultuerperioade gjin jild fan de provinsje. "Wy binne al tritich jier de provinsjale popkoepel en ferfolje ek in belangrike funksje yn it lanlik netwurk en dat is no yn ien klap fuort. We binne ferbjustere en eins ek wol in bytsje lilk," seit in dúdlik oandiene Nauta.
Sjouke Nauta fan Friesland Pop
"Wy hienen dit net oankommen sjoen en earlik sein ek gjin sinjalen opfongen dat it dizze kant opgean soe." Friesland Pop leit him net fuort del by dizze útslach. "Wy sille sjen wat de alternativen binne. Ik tink dat we mei it bestjoer om tafel moatte om te sjen hoe't wy noch fierder kinne, mar dit fielt fansels hiel min. It is net allinnich soer en foar ús as organisaasje in klap, mar ek foar al dy makkers fan popmuzyk yn Fryslân. Wy hawwe talentstages, wedstriden foar lanlike projekten lykas Eurosonic Noorderslag en Oerol, en dat falt no allegear fuort."
© Alyssa Hannah, Stichting Friesland Pop
Reaksje Sjouke Nauta fan Friesland Pop
Dit skriuwt de provinsje yn har rapport 'Adviezen Musea en Kunstinfrastructuur oer Friesland Pop'
"...Er kan in de toekomst wel synergie, schaalvoordeel optreden als Friesland Pop sterkere banden aan gaat met de Popfabryk. De commissie geeft mee dat de activiteiten van Friesland Pop ook ondergebracht kunnen worden bij de Popfabryk. De commissie is van mening dat de samenwerking tussen Friesland Pop en Popfabryk duidelijker gedefinieerd had mogen worden in de aanvraag, met een overzicht van wie wat en waarom doet binnen de keten van talentontwikkeling in de popmuzieksector, provinciebreed. De commissie vindt dat de activiteiten van beide instellingen gebundeld kunnen worden in één organisatie om zo tot meer synergie te komen, met name in de benadering van nieuwe doelgroepen, maar ook in complementaire activiteiten. Daarnaast levert dit schaalvoordeel op...." (side 103).