Poepjes oer kultuerjild: "Artistike kwaliteit yn guon gefallen te leech"

30 jun 2020 - 17:44

De nije ferdieling fan de provinsjale subsydzje foar kultuer smyt ek lilke reaksjes op, partijen dy't ynienen minder krije binne der net wiis mei. Deputearre Sietske Poepjes seit dat it in hurde boadskip is, mar dat dêr ek goeie redenen foar binne. Neffens har wie de artistike kwaliteit yn guon gefallen net heech genôch.

Deputearre Poepjes jout oan goed nei it advys sjoen te hawwen: "Wy hawwe de advyskommisje dêr echt yn folge. Sy hawwe om ferskate redenen foar ferskate ynstellingen sein: somtiden is de artistike kwaliteit net heech genôch, of net ûnderskiedend genôch. Dat binne hurde boadskippen, dat kin ik my goed yntinke. Mar wy wolle graach in sterk artistyk en alsidich keunstbyld delsette yn ús provinsje mei in Frysk ferhaal. Dan binne dizze karren it bêste."

Advizen oernaam

De twa sets mei advizen oer de keunst-ynfrastruktuer en de museumwrâld binne folslein oernaam. "It is yn de basis it foech fan it kolleezje om it jild te ferdielen. Provinsjale Steaten hawwe der dúdlik yn west: mei in budzjet fan hast 30 miljoen foar fjouwer jier moat dizze keunst-ynfrastruktuer en de museumwrâld fêstset wurde. Dêr hawwe wy ús oan holden."

Net de fokus op mar 1 ding

Poepjes is te sprekken oer it nije belied. "It is echt in nij poadium. Dat is ek de namme fan it nije kultuerbelied. It hellet it bêste út Fryslân, it hat sterk artistyk karakter, it is alsidich en hat net de fokus op mar ien ding. Wy hawwe the best of both worlds." It is noch net útiten mei allinne dizze ferdieling fan it kultuerjild. "It hat ek in beliedsline oer ynnovaasje, eksperiment, ús Fryske taal. Dy regelingen steane noch iepen."

Sietske Poepjes - Foto: Omrop Fryslân

Deputearre Sietske Poepjes oer it kultuerjild

(Advertinsje)
(Advertinsje)