Winners en ferliezers yn Fryske kultuersektor: provinsje ferdielt subsydzjes

30 jun 2020 - 22:49

Der binne grutte winners en ferliezers by de ferdieling fan it subsydzjejild foar de kultuer yn Fryslân. Sa krijt it Fries Landbouwmuseum de kommende jierren gjin jild mear fan de provinsje Fryslân en moat it Natuurmuseum it mei goed twa ton minder dwaan. Yn totaal wie der 30 miljoen te ferdielen.

Winners en ferliezers yn Fryske kultuersektor piep

De provinsje wol mei de nije ferdieling fan it kultuerjild ynsette op in bliuwend sterke keunst- en museumsektor, sa docht bliken út it rapport Adviezen Musea en Kunstinfrastructuur 2021-2024. De artistike kwaliteit en in goeie fertsjintwurdiging fan wat der yn de mienskip libbet moat dêrby liedend wêze. Foar de kommende fjouwer jier ha de musea- en keunstorganisaasjes yn Fryslân har plannen yntsjinne en twa advyskommisjes ha dat beoardiele.

Foto: Omrop Fryslân

Winners en ferliezers

Ferskate ynstellingen en festivals, dy't oant no ta gjin subsydzje krigen fan de provinsje, kinne no jild temjitte sjen. Sa krijt it dânsduo Ivgy & Greben de kommende jierren 300.000 euro it jier, wylst Pier21 fan 0 nei 250.000 euro subsydzje it jier giet. Ek it Oranjewoud Festival, Museum Belvédère en it Eise Eisenga Planetarium binne in pear fan de ynstânsjes dy't flink mear jild krije de kommende jierren.

Foto: Omrop Fryslân

Net alle oanfragen koenen takend wurde. De kommisje stie foar in 'duivels dilemma' skriuwe se yn it rapport en hat dêrtroch 'pijnlijke keuzes' meitsje moatten yn de ferdieling fan it jild. Se stelle bygelyks dat it Fries Landbouwmuseum him net kwalifisearre neffens de kritearia. It museum hâldt dan ek neat oer fan de 185.000 euro dy't it no jierliks krijt.

Dochs is de kommisje wol fan miening dat it museum ûnderdiel wêze moat fan de museale ynfrastruktuer yn Fryslân. De kommisje advisearret it provinsjaal bestjoer om oare finansjele middelen te finen om dit museum te stypjen op basis fan in fernijd plan.

Ek Friesland Pop (fan 155.000 nei 0) en it Natuurmuseum Fryslân (fan 707.979 nei 500.000) moatte flink ynleverje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)