Provinsje stelt 240.000 euro beskikber foar inisjativen foar bioferskaat

30 jun 2020 - 15:52

De provinsje stelt 240.000 euro beskikber foar minsken mei goede ideeën om it bioferskaat yn Fryslân te ferbetterjen. Dêrmei wol de provinsje de rykdom oan plant- en bistsoarten yn Fryslân stimulearje. De projekten moatte rjochte wêze op it ûntwikkeljen, tapassen of útdragen fan in werstelstrategy foar it bioferskaat.

Natuerlân fan Steatsboskbehear by Warkum - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Deputearre Douwe Hoogland: "It bioferskaat yn de provinsje Fryslân stiet ûnder druk. De rykdom oan plante- en bistesoarten nimt ôf. De provinsje wol dy trend keare en wurket dêrom oan in programma om it bioferskaat wer op te helpen."

Yn it programma is ek omtinken foar ferbining tusken ekonomy, natuer en lânbou, bewustwurding yn de maatskippij en kennisdieling. "Mei dizze nije subsydzjeregeling wol de provinsje fêst inisjativen stypje dy't dêrby oanslute."

Bio- en boaiemferskaat

Inisjatyfnimmers kinne subsydzje oanfreegje foar projekten rjochte op bioferskaat en boaiemferskaat, Dêrby kin it bygelyks gean om it ferbetterjen fan it gebiet dêr't in bedrige Fryske soart libbet, ûndesyk nei mikrobiology yn de boaiem of projekten rjochte op kennis fan Fryske ynwenners oer biosferskaat.

De regeling is bedoeld foar organisearre groepen, lykas ferienings, stichtingen, maatskippen en mei-oerheden. Foar elts projekt is 75 persint fan de kosten subsidiabel, mei in maksimum fan 24.500 euro it projekt.

Inisjatyfnimmers kinne fan 17 augustus oant en mei 30 septimber subsydzje oanfreegje. De subsydzje wurdt dan ferdield op folchoarder fan binnenkomst.

(advertinsje)
(advertinsje)