Fryslân en Grinslân dogge proef biodisel foar treinen

30 jun 2020 - 15:18

De provinsjes Fryslân en Grinslân begjinne in proef om de noardlike treinen fierder te ferduorsumjen. Twa besteande treinen fan Arriva ride fan septimber 2020 ôf op biodisel. As dit technysk, finansjeel en operasjoneel goed útpakt, kinne ek de oare treinen dizze skjinnere brânstof brûke.

Foto: Evert Pultrum

De oergong fan gewoane disel nei biodisel (Hydrotreated Vegetable Oil, HVO) soarget foar in delgong oant 89 prosint fan CO2-útstjit. Dat slút oan by de winsk fan Provinsjale Steaten om foar de treinen duorsume stappen te setten. It giet om in proef fan twa jier.

Yn desimber fan dit jier start in nij kontrakt tusken de twa provinsjes en ferfierder Arriva Nederlân. Arriva sil ek de kommende fyftjin jier mei treinen riden bliuwe yn Fryslân en Grins. Wichtige ôfspraken binne fernijing fan de hjoeddeistige fyftich treinen (GTW's) en útwreiding mei achttjin nije treinen (WINK's). Dizze WINK's ride fan maitiid 2021 ôf.

Modernisearre treinen

Fan binnen binne de treinen ek modernisearre. It ynterieur is útsocht troch in panel fan reizgers. Sa komme der klaptafels, mooglikheden om laptops of mobile telefoans op te laden en stiltekûpees.

(advertinsje)
(advertinsje)