Riedslid Jouke de Jong: "Smellingerlân krijt kwaliteit, mar it moat wol fuortendaliks goed"

30 jun 2020 - 13:41

Fjouwer nije wethâlders moatte de diggels fan Smellingerlân oan elkoar lymje. Sûnt de ferkiezings fan 2018 rint it al net lekker binnen gemeenteried en kolleezje, en yn jannewaris fan dit jier knapte de koälysje. "Oan harren kwaliteit sil it net lizze, mar der is net in soad tiid", seit fraksjefoarsitter Jouke de Jong fan de ChristenUnie.

Gemeentehûs Smellingerlân - Foto: Omrop Fryslân

Binnen twa jier holden fjouwer wethâlders yn Smellingerlân der mei op. En dat is soarchlik, want Smellingerlân is in grutte gemeente mei in finansjeel tekoart, De fjouwer nije wethâlders Maria Le Roy (earder PvdA), Felix van Beek (VVD), Bert Westerink (CDA) en Robin Hartogh Heys van de Lier (oait D66) binne swiergewichten, mar moatte wol fuortendaliks oan de bak. "We hawwe no gjin tiid mear te ferliezen", seit De Jong.

Ferslachjouwer Onno Falkena ljochtet de saak ta en praat mei fraksjefoarsitter Jouke de Jong fan de ChristenUnie

"De gemiddelde leeftyd fan it kwartet is - as ik goed rekkene haw - 62 jier," fertelt polityk ferslachjouwer Onno Falkena fan Omrop Fryslân. "It giet stik foar stik om bestjoerders mei de nedige ûnderfining en boppedat om minsken dy't net sa nedich mear karriêre hoege te meitsjen. Se kinne dus ûnôfhinklik operearje en dat kin in foardiel wêze yn sa'n kolleezje."

Bestjoerlike ûnderfining

"Twa fan de fjouwer hawwe in bestjoerlik ferline yn Fryslân. Maria le Roy kenne we noch as âld-wethâlder fan Harns en Felix van Beek út Skarsterlân. Van Beek hat ek ûnderfining as riedsgriffier en is sadwaande ek geskikt om te soargjen foar in goeie kommunikaasje mei de gemeenteried, Dat is yn Smellingerlân hurd nedich, want krekt dêr is de ôfrûne tiid in soad misgien. CDA'er Bert Westerink hat in bestjoerlik ferline yn Grinslân en Tobin Hartogh Hey van der Lier yn Gelderlân. Se binne stik foar stik nij yn Smellingerlân en dat betsjut wol dat se harren hiel hurd ynlêze en ynwurkje moatte yn de komplekse problemen fan dizze grutte gemeente," fettet Falkena de situaasje gear.

Gemeente Smellingerlân - Foto: Omrop Fryslân

Grutte ambysjes

It sakekolleezje bestiet út ferskillende partijen. "Dat is net ûnbelangryk foar it draachflak. Yn it sittende kolleezje siet - foar it earst yn de skiednis fan Smellingerlân - gjin bestjoerder fan CDA of ChristenUnie en dat lei by dy partijen dochs wol gefoelich." It sakekolleezje waard oansteld troch ferkenner Ton Baas. "We kinne in sakekolleezje eins allinnich fan de lêste jierren fan Boarnsterhim. Dat kolleezje - mei Baas as boargemaster - moast doe Boarnsterhim tariede op de gemeentlike weryndiele en koe fierhinne ûnôfhinklik opereare. Yn Smellingerlân is de situaasje fansels folslein oars. Smellingerlân moat troch en hat boppedat grutte ambysjes. Der moat - om mar ris in foarbyld te neamen -in nij swimbad komme en - as it heal kin - in stasjon mei in flugge spoarferbining", seit Falkena.

Ekstra riedsgearkomste

De fjouwer nije wethâlders wurde tongersdei beneamd yn in ekstra riedsgearkomste. "Mar it tafal wol dat de gemeenteried fan Smellingerlân tiisdeitemiddei ek gearkomme sil. It giet fanmiddei foaral oer finânsjes, mar rekkenje der mar op dat der ek praat wurde sil oer de nije wethâlders."

"Gjin tiid mear te ferliezen"

Fraksjefoarsitter Jouke de Jong fan de ChristenUnie yn Smellingerlân is wiis mei de nije wethâlders. Hy sjocht kânsen, mar ek knyppunten. "Der sit absolút in soad krêft yn, mei in soad ûnderfining. Der is hiel bot sjoen nei de kwaliteit fan de nije wethâlders. Dy kwaliteit moatte wy ek hawwe, mar wat wol meispilet is dat it fansels in folslein nij kolleezje is en dêr sitte fansels ek neidielen oan. It nije kolleezje moat hiel gau oan de gong en dus moatte se ek hiel gau witte wêr't' se wêze moatte, bygelyks it Sosjaal Domein. Witte se hoe't de paden rinne en wa't de haadrolspilers binne dêr't je kontakt mei hawwe moatte? Der sitte fansels goede amtners om dat wurk te stypjen, mar we hawwe eins gjin tiid te ferliezen."

De Jong hie dêrom ek graach sjoen dat ien of mear âlde wethâlders oansteld wienen. "Der is no in frisse blik, mar wol mei risiko's. It hie moai west at in âlde wethâlder sitten bleaun wie. Net eltsenien hie nammentlik spul mei oaren. En dat stimpel is der no wol op drukt. We hawwe in hiel soad stoarmen hân, mar it moat no fuortendaliks goed. It is lykwols de fraach oft der genôch tiid is om datjinge te berikken dat we wolle," beslút De Jong.

(advertinsje)
(advertinsje)