Weaze iepenet keammerkes tiisdeitenacht: "Er leeft veel onzekerheid bij de vrouwen"

30 jun 2020 - 13:02

In soad froulju dy't wurkje op de Weaze gean in spannende tiid temjitte, fertelt Karin Werkman fan it lanlik ekspertize- en behannelsintrum Fier. "Sommige vrouwen zijn opgelucht dat ze weer aan het werk kunnen. Een deel is echter ook bezorgd over hun gezondheid. Ze zijn angstig. Je kunt in deze branche natuurlijk lastig afstand houden. Sommigen willen misschien met handschoenen of mondkapjes op werken, maar wat doe je als de klant dat niet wil? Kies je dan voor inkomen of voor gezondheid?"

Iepening wurdt lyts feestje

De keammerkes op de Weaze yn Ljouwert wurde tiisdei noch coronaproof makke. "Het dragen van mondkapjes en handschoenen moeten de dames zelf allemaal in de gaten houden." Nettsjinsteande de spannende tiid dy't de sekswurkers temjitte gean, wurdt der nachts om tolve oere dochs ek in feestje fan makke. Der sil songen wurde op de Weaze en oanslutend gean de bars wer iepen.


Neffens Werkman wie it in drege tiid foar de froulju. "Het was een moeilijke en onzekere tijd, want het was niet duidelijk hoe lang het zou gaan duren. Sommige vrouwen waren hun inkomen en zelfs soms ook hun verblijfplaats kwijt. Het liefst willen ze bij hun ouders en kinderen zijn, maar de meeste grenzen waren dicht. In feite zaten ze vast en wisten ze niet waar ze aan toe waren."

De Weaze yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust praat mei Karin Werkman fan Fier

Stipepunt Xenia fan Fier Fryslân, Leger des Heils en de GGD oan de Weaze - Foto: Omrop Fryslân

Dilemma: ynkommen of sûnens

It is in dilemma om te wurkjen yn in brânsj dêr't ôfstân hâlde in yllúzje is. "Ze hebben een poging gedaan om een hygiëneprotocol te schrijven. Daarin staat wat de beste manier voor ieder persoon is om te kunnen werken. Het is natuurlijk een dilemma: ga ik mijn geld verdienen of laat ik de klandizie gaan. Voor velen is de nood echter hoog."

Fier, gemeente Ljouwert en ek it Leger des Heils hawwe yn de coronatiid de situaasje fan de froulju goed yn de gaten hâlden. "We hebben vaak maatwerk geleverd door bijvoorbeeld eens de kosten van de huur of de zorgverzekering te voldoen."

No't de sektor wer oan it wurk mei, komt ek nije ûnwissichheid om de hoeke sjen. "Ze vragen zich af of ze ook na 1 juli nog steun krijgen. Moeten ze het dan zelf weer zien te rooien en hoe moeten ze dat aanpakken? Wij blijven in ieder geval alert en samen met GGD en Leger des Heils zijn wij te bezoeken bij steunpunt Xenia op de Weaze."

Trefwurden: 
Ljouwert Weaze coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)