Foarútblik: wêr giet it kultuerjild 2021-2024 yn Fryslân hinne?

It is in spannende dei foar kultureel Fryslân. Tiisdeitemiddei wurdt bekend makke wa't de kommende fjouwer jier wol of net subsydzje krijt fan de provinsje. Ferslachjouwer Wendy Kennedy is op it Provinsjehûs yn Ljouwert en sjocht foarút.
De programmapresintaasje fan LF2018 yn Ljouwert © ANP
Wêrom is dizze dei sa spannend?
Wendy Kennedy: "De tawizings fan it jild kinne foar grutte ferskowings soargje, want der feroaret in soad. Yn it ferline lei faak min of mear al fêst wa't wat krije soe. It wie aardich ticht timmere en hjir kaam in soad krityk op fan bygelyks festivals. Sy hawwe wol subsydzjes krigen, mar dy wiene faak tydlik en dat bringt in soad ûnwissens mei him mei."
Wat wie de krityk op de âlde situaasje?
"Dat de regeling net mear fan dizze tiid is. De lêste jierren is der yn kultureel Fryslân in soad bard en binne der in soad nije inisjativen by kommen, lykas de festivals. Allinnich krigen dizze nije inisjativen gjin jild en as se oankloppen koene der net tusken komme."
Wat is der no krekt feroare?
"Nij is dat eltsenien in oanfraach yntsjinje koe. En al dizze oanfragen binne beoardiele troch in eksterne kommisje, wylst foarhinne de provinsje sels in kar makke. Dêrtroch kinne der grutte ferskowings komme yn de jildferdieling. Mar dan moat de provinsje dit advys wol hielendal oernimme. Dat bart faak wol, mar soms binne der noch oanpassings, lykas lanlik bard is. De Raad van Cultuur advisearre bygelyks om it Scapino Ballet gjin subsydzje mear te jaan. De Twadde Keamer stuts hjir lykwols in stokje foar, wêrtroch't it selskip dochs jild krige."
Dan wer werom nei Fryslân. Foar wa soe it goed en foar wa soe it krekt wat minder goed útpakke kinne?
"Der binne - sa't dat faak giet mei sokke regelingen - mear oanfragen as dat der jild is. Der moatte dus karren makke wurde. Yn de âlde regeling lei fêst dat mar fjouwer Fryske musea jild krigen fan de provinsje, mei it Fries Museum as grutste. Mar der binne ek oare musea dy't jild hawwe wolle. De festivals hoopje dat se no in fêst plakje krije yn de provinsjale subsydzjeregeling en ik skat dizze kâns grut yn. Mar ek nije inisjativen lykas de Jeugdkultuerskoalle yn it âld Molkfabryk yn Burgum hat in oanfraach dien en hat goede hoop."
Wannear witte we wa't wat krijt?
"De hiele middei wurdt eltsenien belle mei it nijs. Oan de ein fan de middei, om 17.00 oere, wurdt it offisjeel nei bûten ta brocht yn in parsekonferinsje."