HEA! Rêstich oan yn Wikel
Mar leafst 43 jier hat er timmerman west by deselde baas, mar ûnderwylst is de 90-jierrige Hendrik Schotanus fan Wikel ek al wer 32 jier mei de VUT. De sûnens wurdt wat minder, mar om yn beweging te bliuwen is Schotanus de hiele dei wat dwaande op syn hiem. Mei sa no en dan efkes skoft op it bankje.