Aldehou fan 4 july ôf wer te beklimmen

30 jun 2020 - 11:27

De Aldehou yn Ljouwert is fan sneon ôf wer alle middeis iepen foar it publyk. De toer wie moannenlang sletten fanwegen it coronafirus, mar de doarren meie no wer iepen. Der binne lykwols wol hygiëneregels.

De Aldehou yn Ljouwert, sjoen fan it plak dêr’t de Grote- en de Kleine Kerkstraat byinoar komme - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Sa moatte besikers harren yn it foar oanmelde by it Historisch Centrum Leeuwarden (HCL). Fierder is de lift yn it gebou bûten gebrûk en meie minsken net gebrûk meitsje fan de húskes.

De stedskuiers fan it HCL wurde ek wer oppakt. Freed is de earste. De skatkeamer en de tentoanstellingsromten fan HCL sille nije wike wer iepen foar it publyk.

(advertinsje)
(advertinsje)