Ofrûne jier njoggen persint mear Fryske bern faksinearre

30 jun 2020 - 13:03

It oantal faksinearre bern yn Fryslân is yn 2019 mei njoggen persint tanaam yn ferlyk mei it jier derfoar. Dat is te lêzen yn it jierliks rapport fan it RIVM (Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu). It oantal famkes dat tsjin limoerhalskanker (baarmoederhalskanker) yninte waard, wie yn guon Fryske gemeenten lykwols bysûnder leech.

Foto: Shutterstock

It RIVM publisearre tiisdei har jierlikse rapport oer it Rijksvaccinatieprogramma (RVP). Dêryn stiet beskreaun hoefolle bern der binnen it RVP faksinearre binne (faksinaasjegraad) en wurdt omtinken jûn oan ûntwikkelings binnen it RVP yn it ôfrûne jier. De Jeugdgezondheidsdienst fan GGD Fryslân fiert it RVP út yn Fryslân.

Heger as lanlik gemiddelde

De faksinaasjegraad fan alle faksinaasjes leit yn de Fryske gemeenten tusken de 91,2 en 95,7 persint. De measte gemeenten komme dêrmei boppe it lanlik gemiddelde fan 92,6 persint út.

De lanlike faksinaasjegraad is foar it earst yn fiif jier, yn frijwol alle leeftiidsgroepen, licht omheech gien, mei 0,7 persint. Yn Fryslân is de faksinaasjegraad yn ferliking mei 2018 lykwols mei wol njoggen persint tanaam. De faksinaasjegraad leit yn Fryslân fan âlds al heger as it lanlik gemiddelde.

Persintaazje HPV-ynintings per gemeente yn Nederlân - Foto: RIVM

Wat opfalt, is lykwols dat de faksinaasjegraad fan HPV (humaan papillomavirus, de feroarsaker fan limoerhalskanker) yn de Fryske gemeenten Dantumadiel en Achtkarspelen yn 2019 fier ûnder it provinsjale en lanlike gemiddelde lei. Dat wie mei respektyflik 27,3 en 25,7 persint de helte leger as it lanlike gemiddelde fan 53 persint. De lanlike faksinaasjegraad fan HPV is lanlik sjoen lykwols mei 7,5 persint omheech gien.

Ferlykbere lege persintaazjes as yn Dantumadiel en Achtkarspelen binne allinnich te finen yn de 'Bible Belt', dêr't in soad grifformearden wenje dy't út leauwensoertsjûging tsjin ynintings binne. Alle oare Fryske gemeenten lizze wol om it lanlike gemiddelde fan HPV-faksinaasjes hinne.

GGD Fryslân gie yn coronatiid gewoan troch mei it faksinearjen fan bern om slimme ynfeksjesykten foar te kommen. Bern fan 0 oant en mei 4 jier krigen harren prip neffens skema. Fan maaie ôf binne de ynintings foar bern fan 4 oant 17 jier yndividueel wer úteinsetten.

GGD-dokter Everhard Hofstra

(advertinsje)
(advertinsje)