FNP yn noed oer tanimmend tekoart oan fakminsken

30 jun 2020 - 10:02

Fakmanskip en de ambachtsekonomy moatte in plak krije yn de nije provinsjale nota Ekonomy. Dat seit de steatefraksje fan de FNP. De partij makket him soargen oer it tekoart oan fakkundich personiel dat hieltyd grutter wurdt. De FNP komt dêrom woansdei yn de Steaten mei in moasje om dêr goed rekken mei te hâlden.

Foto: Shutterstock

De fraksje stelt fêst dat ambacht en fakmanskip net eksplisyt yn de startnotysje fan it kolleezje oer Ekonomy stean. Wylst dat in hiel wichtich punt is, sa seit wurdfierder Sybren Posthumus.

"Der is of driget yn Fryslân in grut tekoart oan fakminsken. Der binne ek al bedriuwen dy't dêrom sels al bedriuwsskoallen hawwe", leit Posthumus út. "Yn 2019 joech ien op de seis bedriuwen yn Fryslân oan dat der produksjebeheinings wienen troch in tekoart oan fakkundich personiel. Wy wolle dat de provinsje hjir rekken mei hâldt."

Teory omsette yn praktyk

It is dêrby neffens Posthumus net allinnich fan belang is dat personiel teoretyske kennis hat, mar dat ek omsette kin yn de praktyk. "In goede timmerman, skilder, elektrotechnikus is goud wurdich. Troch dizze minsken op te lieden is Fryslân der aanst klear foar as de ekonomy wer oanlûkt", leit Posthumus út. "Wy freegje dêrom yn de nota by it ûnderdiel 'Human Capital' in eksplisyt plak te jaan oan de ambachtsekonomy en fakmanskip."

(advertinsje)
(advertinsje)