Kuierjende of fytsende pylgers kinne wer sliepe yn histoaryske Fryske tsjerken

30 jun 2020 - 08:19

Kuierders of fytsers dy't as pylger ûnderweis binne, kinne wer oernachtsje yn histoaryske Fryske tsjerken. De saneamde 'refugio's' binne fan 1 july ôf oanpast oan de regels fan it RIVM.

De tsjerke fan Wânswert - Foto: Stichting Alde Fryske Tsjerken

De measte tsjerken binne eigendom fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken. Frijwilligers beheare de refugio's, dy't lâns of yn de buert fan de fjouwer Fryske pylgerrûtes lizze: it Jabikspaad, it St. Oldulphuspaad, it Bonifatius Kleasterpaad en it Claercamppaad, en de rûtes fan it Wandelnet.

De refugio's biede ienfâldige sliepplakken tsjin in lytse fergoeding. De refugio's binne oanpast oan de rjochtlinen fan it RIVM en binne in 'kontaktfrij ferbliuw'. "As elkenien de regels neilibbet, tinke wy dat it prima mooglik is om besikers te ûntfangen", leit Joke Bakker fan Stichting Alde Fryske Tsjerken út.

Foto: Stichting Santiago aan het Wad

Tsien tsjerken foldogge mei yngong fan 1 july oan de regels fan 'kontaktfrij ferbliuw': dy yn Blessum, Boksum, Britsum, Foudgum, Peins, Swichum, Sibrandahûs, Terbant, Wânswert en Surch. De ferwachting is dat ynkoarten mear tsjerken geskikt makke binne.

Ienfâldige sliepplakken

De refugio's biede ûnderdak oan maksimaal fjouwer gasten en binne oant oktober tagonklik. Der binne fjouwer fjildbêden, wetter en in húske, mar gjin dûs. Minsken moatte harren eigen sliepsek meinimme. "Minsken sliepe middenyn de tsjerke, tusken de banken of achter it oargel. Dat ferskilt de tsjerke. It binne hiel ienfâldige sliepplakken, mar it is in hiele belibbing."

Kuierders en fytsters kinne gebrûk meitsje fan in refugio as se in pylgerpas fan it Nederlands Genootschap van Sint Jacob hawwe of in rûteboekje fan ien fan de fjouwer pylgerrûtes. Ek donateurs fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken binne wolkom.

Joke Bakker fan Stichting Alde Fryske Tsjerken oer de refugio's

(Advertinsje)
(Advertinsje)