Mear minsken yn nachtopfang Zienn; oantal dakleaze jongeren ferdûbele

30 jun 2020 - 07:22

Troch in nije wurkwize fan Zienn meitsje minsken minder lang gebrûk fan de nachtopfang. Dat docht bliken út de jiersifers fan 2019 fan de opfangorganisaasje. It tal besikers fan de nachtopfang is wol tanaam, benammen it tal jongeren, mei leafst 50 presint.

De nachtopfang fan Zienn yn Ljouwert - Foto: Google Street View

266 minsken sochten yn 2019 ûnderdak yn de nachtopfang oan de Oostergowei yn Ljouwert, in kwart mear as yn 2018. It oantal besikers naam dus sterk ta. It oantal besites lykwols net. Minsken ferbleaune yn 2019 gemiddeld 39 nachten yn de opfang, yn plak fan 47 yn 2018. Dy delgong komt troch de nije wurkwize dy't de Zienn yn 2018 ynsette om minsken rapper te begelieden nei in passend ferfolchplak.

Ynstream minder maklik

Sa wurdt der kritysker sjoen wa't nei de nachtopfang moat. "We hebben gezorgd dat de instroom minder makkelijk ging", leit Marita Schreur fan Zienn út. Sûnt foarich jier moatte besikers reservearje foar in sliepplak yn de nachtopfang. Dêrneist meie minsken maksimaal trije moannen yn de nachtopfang ferbliuwe. Yn dy moannen wurdt der socht nei in eigen plak. "Maar dat is erg lastig, dus het gebeurt ook vaak dat mensen naar onze algemene opvang gaan."

Dat it oantal besikers fan de nachtopfang tanaam is, is neffens Schreur ek in lanlike ûntwikkeling: "Voor een deel komt dat ook door de krapte in het woningaanbod, zeker voor jongeren." Dêrneist kampt dizze doelgroep ek mei in soad oare problemen, bygelyks yn de relasjonele sfear.

Ferdûbeling jongfolwoeksenen

Opfallend is de ferdûbeling fan it oantal jongfolwoeksenen dat telâne komt yn de nachtopfang. Dat naam ta fan 31 persoanen yn 2018 nei 60 yn 2019. Zienn tinkt dat dy ferdûbeling komt trochdat jongfolwoeksenen lang yn de jongereinsoarch sitten hawwe. Schreur: "Die verlaten ze op hun 18e. Dan proberen ze vaak op eigen benen te staan en dat gaat niet altijd even makkelijk. Het gaat om jongeren met meervoudige problematiek. Na een aantal jaar zie bij hen toch een terugval."

Foto: Zienn

Om jongerein better begeliede te kinnen, hat Zienn foar harren in aparte ôfdieling yn de nachtopfang ynrjochte: it Huis voor Jongeren. Jongerein oant sa'n 24 jier kinne dêr telâne yn stee fan yn de nachtopfang. Der binne njoggen krisisplakken. It probleem is lykwols dat dy konstant fol sitte. Yn oerlis mei de gemeente en Sociaal Domein Fryslân set Zienn dêrom yn op 'ThuisPlus'. "Dat betekent dat we aan de voorkant proberen deze jongeren op te vangen. Door middel van begeleiding kijken we of we ze op de plek waar ze wonen, kunnen helpen met hun problematiek."

Neist de nachtopfang hat Zienn noch acht opfanglokaasjes. Dêr wurdt ynsetten op krisisyntervinsje: it foarkommen dat minsken yn de opfang telâne komme. Dêrfoar gean begelieders by minsken del om har te helpen by harren slimste problemen en it regeljen fan ferfolchhelp. "Je moet voorkomen dat mensen uit huis worden geplaatst. Als dat eenmaal gebeurt, moeten ze namelijk weer helemaal opnieuw beginnen. Dat is heel moeilijk."

Marita Schreur fan Zienn oer de sifers

(advertinsje)
(advertinsje)