Gjin nije doarpsmûne Reduzum: Henk Vellinga hâldt der teloarsteld mei op

30 jun 2020 - 06:38

De doarpsmûne yn Reduzum komt der net. De fabrikant foar de nije mûne hat de offerte ferhege nei mear as in miljoen euro en dat fynt stichting Doarpsmûne Reduzum te folle. It bestjoer wie lykwols al akkoart mei in offerte fan 800.000 euro. Nei tsien jier ynset is foarsitter Henk Vellinga der klear mei. De teloarstelling is sa grut dat er syn funksje delleit: "Dat docht hiel sear. Ik kin der net mear fan sliepe."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

De mûne dy't no yn in greide flak bûten Reduzum stiet, is bot fertutearze. It doarp wol al mear as tsien jier in nije mûne. Dy moat mear stroom binnen helje foar de bewenners. "We hiene de mûne ek hast hân", seit Vellinga wylst hy efter syn buro sitten giet. Foar him stiet in miny-mûne op tafel.

"We wiene rûn mei de offerte fan 800.000 euro en ek de provinsje wie akkoart. Mar no wol de fabrikant ynienen mear as in miljoen ha en dat smyt de mûne nea op", fersuchtet Vellinga fol emoasje. "Wêrom se mear as in miljoen wolle, wit ik net. Dêr ha ik allinnich mar betinkingen by." De mûne foar him dûnset mei op de lucht dy't troch in grutte sucht fan Vellinga frijkomt. "Dus dan moatte we der mar mei ophâlde."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Vellinga hat jierrenlang fol oertsjûging dwaande west om de mûne te krijen. "It hie sa wichtich foar it doarp west. Je litte dan ek oan de provinsje sjen dat je duorsum wêze wolle. Dat we no wer opnij begjinne moatte, is foar my te folle. Dan hâld ik dermei op", fertelt Vellinga. "Wie it earder ophâlden, dan hie dat noch oant dêr oan ta west. No is it op it lêste momint. Dat is spitich."

Takomst sûnder Vellinga

Der binne neffens Vellinga noch wol nije opsjes foar de mûne. "Je kinne dizze opknappe of om in oare leveransier sykje", leit hy út. "Mar yn alle gefallen begjinne je wer fan foar ôf oan. Dêr ha ik gjin ferlet mear fan. Moarn komt it bestjoer fan de mûne by inoar om de takomst te besprekken", fertelt Vellinga wylst hy de mûne op syn tafel symboalysk yn de kast leit. "Mar dat sil sûnder my wêze."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort yn petear mei Henk Vellinga

(advertinsje)
(advertinsje)