Yn frijheid libje yn eangst: it ferhaal fan de bern fan it azc yn Burgum

30 jun 2020 - 06:00

Wekker wurde mei eangst en der jûns ek wer mei op bêd gean: sa'n bytsje alle bern fan it azc yn Burgum hawwe der lêst fan. De eangst dat se elk momint ophelle wurde kinne troch de plysje en it lân útset wurde. It wurdt dúdlik út de ferhalen fan de bern dy't Yaroslava Tymts en Mohraeel Zaky optekenen. Se wenje sels ek op it azc.

De eangst wie de ôfrûne wiken wat fuort sakke. Troch de strange coronamaatregels waarden der gjin minsken mear útset. No't it firus terrein ferliest, groeit de eangst dat de IND wer begjint mei it útsetten fan minsken.

Yaroslava Tymts en Mohraeel Zaky wolle dúdlik meitsje dat de IND (Immigratie- en Naturalisatiedienst) mear rekken hâlde moat mei bern en mei wat it libjen mei konstante eangst docht mei jongeren.

Foto: Omrop Fryslân

Ze voelen zich Nederlander, en hebben hier hun thuis.

Yaroslava Tymts

"Het viel ons op dat kinderen die hier wachten op uitzetting eigenlijk volledig geïntegreerd zijn in Nederland. Ze voelen zich Nederlander, en hebben hier hun thuis", seit Yaroslava Tymts. "Ze hebben hier al veel bereikt, maar worden nu uitgezet zonder dat daar naar gekeken wordt door bijvoorbeeld de IND."

Folslein Nederlânsk

Mohraeel Zaky follet oan: "Wij hebben de keuze niet gemaakt naar Nederland te komen. Dat waren onze ouders. Maar nu we hier wonen en naar school gaan, zijn we eigenlijk al volledig opgegaan in de Nederlandse samenleving. Ik zou terug moeten naar Egypte. De taal is voor mij dan al een groot probleem. Ik kan het niet lezen."

Medisinen tsjin de stress

"Nederland is voor de kinderen een vrij land, maar niet voor ons. Niet voor de kinderen uit het asielzoekerscentrum", seit Mohraeel. Dat soarget foar stress. "Hier zit een jongen van 7 jaar oud. Hij krijgt medicijnen tegen stress, om rustig te blijven, te kunnen slapen. Dat is toch gek?"

Het zijn soms hun vrienden die opgehaald worden.

Yaroslava Tymts

Wat har sels it meast stekt, is dat net ien lústeret nei wat de bern fine. "Ik ben dankbaar voor de plek hier, dat we veilig zijn. Ik voel alleen wel dat wij door de IND gezien worden als een nummer. Wij zijn getallen, geen mensen."

Wat benammen foar stress soarget, binne de útsettings. Yaroslava: "Kinderen vinden dat heel erg lastig om te zien. Het zijn soms hun vrienden die opgehaald worden. Dan voelen ze zich nog slechter. Ook omdat ze het ook zelf zouden kunnen zijn. Alle rust is dan weg."

Foto: Omrop Fryslân

Ik voel die angst ook heel erg.

Arjana
Trefwurden: 
portret AZC Burgum IND asylbern
(advertinsje)
(advertinsje)