Persoan ferwûne nei wenningoerfal Ljouwert, trije fertochten op de flecht

30 jun 2020 - 00:43

By in wenningoerfal oan de Carlierstrjitte yn Ljouwert is ien persoan ferwûne rekke. De persoan wie yn it hûs doe't trije manlju dêr in oerfal diene.

Oerfal oan de Carlierstrjitte yn Ljouwert - Foto: ProNews

It foarfal barde moandeitejûn let yn de wyk Havankpark, yn it Noarden fan de stêd. De trije fertochten binne ûntkaam, de plysje wit net hoe en ek net wêrhinne. Ek is ûnbekend oft se wat meinaam ha by de oerfal.

De plysje docht noch ûndersyk nei wat him krekt ôfspile hat op de Carlierstrjitte. Se roppe tsjûgen en minsken mei kamerabylden op om har te melden op 0900-8844 of anonym op 0800-7000.

(advertinsje)
(advertinsje)