Ried Noardeast-Fryslân docht lokaasjescouting yn Bonifatiustsjerke

29 jun 2020 - 22:41

Socht: in nije fergaderromte foar de gemeente Noardeast-Fryslân. De romte moat geskikt wêze foar boargemaster en wethâlders, 29 riedsleden en publyk. De ried hat moandei nei twa lokaasjes sjoen: de katolike tsjerke en it Dokkumer gemeentekantoar.

De Sint-Bonifatiustsjerke yn Dokkum - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

De âlde riedsseal yn Dokkum is net grut genôch, no't de gemeenten Dongeradiel, Kollumerlân en Ferwerderadiel fusearre binne ta Noardeast-Fryslân. Dêrom wurdt wat nijs socht. "Ze zijn hier welkom", seit pastoar Paul Verheijen fan de Bonifatiustsjerke. As it oan him leit, kiest de ried foar syn tsjerke. It is tichtby it gemeentehûs en de parochy krijt it finansjeel hieltyd dreger troch ôfnimmend tsjerkebesite. "Het zou voor ons geweldig zijn."

Der falle yn riedsgearkomsten wolris hurde wurden, mar dêr sit Verheijen net oer yn. "Ik ben niet verantwoordelijk voor wat andere mensen zeggen, gelukkig niet!"

Net in soad feroarje

Wat arsjitekt Silvester Adema oanbelanget feroaret der net in soad oan de tsjerke, mocht de ried foar dat plak kieze. "Het gebouw blijft vooral zoals het is. De ruimte is er wel, het is een groot gebouw, dus je kunt afstand houden. En als je van het middenschip een raadszaal maakt, dan komt het goed. Maar de banken moeten er dan wel uit." It soe dan in soarte fan Lagerhuis-eftige opstelling wurde, lykas yn it Feriene Keninkryk.

Sa soe it derút sjen kinne yn de tsjerke - Foto: Adema Architecten

Riedsleden Ferwerda-Havenga (VVD) en Koonstra (FNP) binne wol oer de lokaasje te sprekken. "Ik ben dol op kerken, al ben ik niet kerks opgevoed", seit Ferwerda-Havinga. "Ik ben bouwkundige, de gebouwen vind ik geweldig." Koonstra sjocht it ek sitten: "De FNP stiet goed yn de tsjerke, we binne hjir wol posityf oer. We moatte noch wol even sjen oft it allegear past."

It moat wol te ferstean wêze

Ek Ferwerda-Havenga hat oer in pear saken noch wol wat twivels. "De temperatuur in de winter bijvoorbeeld, en hoe is de akoestiek? Het moet allemaal wel te verstaan zijn. De vergaderingen worden ook opgenomen voor de mensen thuis, die moeten het wel kunnen volgen."

It beslút oer de lokaasje falt yn oktober.

Ferslachjouwer Willem de Vries seach ek yn de tsjerke

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
(advertinsje)
(advertinsje)