Gemeente Ljouwert hâldt fêst oan kameratafersjoch yn de Vlietsône

29 jun 2020 - 21:09

De gemeente Ljouwert ferlinget it kameratafersjoch yn de Vlietsône oant op syn minst 1 oktober. Dat gebeurt nei advys fan bewenners en de plysje. De plysje seit dat it helpt by it opspoaren en ek dat it previntyf wurket. De bewenners en de plysje tinke dat de wyk benammen yn de simmer lêst hat fan oerlêst.

De splitsing fan de Bote van Bolswertstraat en de Willem Loréstraat - Foto: Google Street View

It kameratafersjoch is begûn op 20 desimber 2019. Der binne kamera's set op de T-splitsingen fan de Bote van Bolswertstraat / Willem Loréstraat en fan it Keetwaltje / Willem Loréstraat. It wykpanel, stichting Vlietvaardig en it Omjouwingsoerlis sizze dat it tafersjoch meiholpen hat oan minder oerlêst. Se sizze dat de ôerlest yn de ôfrûne jierren it grutst wie yn de simmermoannen.

Fjirtjin meldingen fan oerlêst

Sûnt de kamera's der op 20 desimber delset binne, binne út dat gebiet fjirtjin oerlêstmeldingen binnenkaam. Yn it healjier foardat der kameratafersjoch wie, wiene dat 34 meldingen.

De gemeente seit dat it ynsetten fan kameratafersjoch in swier middel is, dat allinnich ynset wurde mei as it needsaalik is. De gemeente fynt it yn it gefal fan de Vlietsône dus needsaak.

Heal septimber wurdt besjoen oft it kameratafersjoch nochris ferlinge wurdt.

(advertinsje)
(advertinsje)