Fjouwer nije wethâlders foardroegen foar sakekolleezje Smellingerlân

In seleksjekommisje draacht fjouwer nije wethâlders foar foar it sakekolleezje yn de gemeente Smellingerlân. It giet om Maria le Roy, Felix van Beek, Bert Westerink en Robin Hartogh Heys van de Lier. De gemeenteried beslút kommende tongersdei oer de beneaming fan de wethâlders. De wethâlders fan no komme net werom yn it sakekolleezje.
Gemeentehûs Smellingerlân © Omrop Fryslân
Nei't de koälysje út elkoar foel troch in konflikt, waard Ton Baas oansteld as ferkenner om te sjen hoe't it deistich bestjoer yn Smellingerlân ynfolle wurde koe. Ien fan syn oanbefellings wie om in sakekolleezje yn te stellen. De gemeenteried hat dat oernommen.
Yn totaal toanden 81 minsken belangstelling foar de funksje fan wethâlder yn Smellingerland. Der binne achttjin minsken útnûge foar in petear en dêrút binne boppesteande fjouewr nammen kaam. Neffens de seleksjekommisje ha de fjouwer ûnderfining, binne se saakkundich en kinne se goed yn in team wurkje.

Allegear ûnderfining as wethâlder

Maria le Roy (66) wie PvdA-Steatelid en deputearre yn de provinsje Seelân. Yn 2010 waard se troch de partij Harlinger Belang frege wethâlder te wurden yn Harns. Yn 2017 krige se in giele kaart fan in oantal partijen yn de ried. GrienLinks tsjinne in moasje fan wantrouwen yn tsjin Le Roy. It gie benammen om har wize fan kommunisearjen.
Felix van Beek (62) hat wethâlder west yn Boarnsterhim, Littenseradiel en Skarsterlân. Hy wie ek direkteur fan it âlde wetterskip Boarn en Klif, riedsgriffier yn Ljouwert en oant koartlyn riedsgriffier yn de gemeente Alkmaar.
Bert Westerink (62) wurke earder as wethâlder yn de gemeenten Grins, Delfzijl, Woerden en Winsum. Tsjintwurdich is er selsstannich organisaasje-adviseur.
Robin Hartogh Heys van de Lier (63) wie wethâlder yn Arnhem en Deventer. Op it stuit wurket er as kertiermakker fan de duorsumensaginda foar kulturele organisaasjes yn Arnhem.

Al fjouwer wethâlders yn twa jier fersliten

De fjouwer foardroegen wethâlders moatte Sipke Hoekstra (VVD), Piet de Ruiter (FNP en GrienLinks) en Marjan Sijperda (ELP) opfolgje. Earder wiene al fjouwer wethâlders yn twa jier tiid opholden: Robert Bakker, Cor Trompetter, Eric ter Keurs en Roel Haverkort.