De Wylde Swan wit wêr't it hinne fart: "Noorwegen, want dan hebben we wind mee"

29 jun 2020 - 20:01

It sylskip De Wylde Swan hat in bestimming fûn. De fêste crew is mei trije dosinten en fyftjin trainees ûnderweis nei Noarwegen. It skip wie dit wykein útfearn sûnder bestimming, omdat de coronaregels hieltyd feroarje. Mar it wurdt dus Noarwegen: "Want dan heb je de wind mee", leit Christophe Meijer, eksploiteur fan it skip, út.

Foto: Facebook, Tall Ship Wylde Swan

It doel wie earst om nei de Portugeeske eilannegroep de Azoaren te farren. "Want daar kunnen we aan wal als we ons laten testen", leit Meijer út. "Maar vandaag heeft de kapitein besloten om naar Noorwegen te gaan zeilen. Een schipper zonder haast heeft altijd goede wind."

It skip is middenyn de coronakrisis weromkaam fan in reis oer de Atlantyske Oseaan. Yn it Karibysk gebiet koene se op gjin inkeld plak oanlizze. No sitte se alwer op see. "De kinderen die net meekonden naar Cuba, Jamaica en de Bahamas vanwege corona, kunnen alleen nog dit jaar een reis maken, omdat ze volgend jaar in hun examenjaar zitten."

Lytsere kapasiteit

En dus wie it saak om dizze simmer wer it wetter op te gean. Dat gebeurt wol mei in tal oanpassingen. "We varen nu met de helft van de capaciteit, dus met 15 trainees in plaats van 30. Ook hebben we normaal vier of vijf docenten, nu maar drie." Mei in lytsere besetting is it mooglik om oardel meter ôfstân te hâlden.

Als onze scheepsarts over een paar dagen bepaalt dat er echt niemand ziek is, dan zijn we een soort huishouden.

Christophe Meijer leit út dat de silers oer in skoftke gjin ôfstân mear hoege te hâlden

Dat ôfstân hâlden kinne se op in gegeven momint mooglik wer loslitte. "Als onze scheepsarts over een paar dagen bepaalt dat er echt niemand ziek is, dan zijn we een soort huishouden. Dan kunnen we die anderhalve meter laten varen. Tot we ergens aan wal zijn geweest, want dan is er wel weer risico om besmettingen op te lopen. Dan begint het hele riedeltje opnieuw."

Net benaud

Yn april waard it skip mei 25 skoalbern oan board sawat wrâldnijs, omdat se doe net fan board mochten op de Azoaren. Dêr woene se in tuskenstop meitsje, mar dat mocht net. Benaud om opnij fêst te sitten en net oan lân te meien, is Meijer net. "We hebben nu te maken met Europese overheden, dat is heel anders dan Caribische landen. Daar zijn de lokale havenmeesters heer en meester. We hebben hier goede contacten met de consulaten en ambassades, we weten precies wat ons te wachten staat."

De Wylde Swan wurdt op 8 augustus wer werom ferwachte yn de haven fan Harns.

(advertinsje)
(advertinsje)