Boer (76) út Nes (D.) mei net mear as fjouwer kij ha

In boer fan 76 jier út Nes (Dongeradiel) rint risiko dat syn bedriuw stillein wurdt, as er de kommende twa jier mear as fjouwer kij hâldt. Dat hat de ekonomyske plysjerjochter yn Ljouwert besletten.
© ANP
De boer wie foar de rjochter helle, omdat de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA) yn novimber 2018, jannewaris 2019 en yn febrewaris 2020 konstatearre dat in tal kij gjin drûch lisplak hiene, dat in pear bisten kreupel wiene en dat guon bisten net op tiid registrearre waarden. De boer sei dat er net oeral oan takaam wie fanwegen in flinke gryp. "Dan moet je iets regelen", sei offisier fan justysje Siep Buist.

Yntimidearre

Begjin 2019 hie de NVWA in klaufersoarger foar de boer regele, mar dy hold it net lang fol. De klaufersoarger fielde him yntimidearre troch de boer en woe der net langer wurkje. "Ik heb gezegd dat ik dat zelf ook wel kon doen", sei de boer. Hy is gjin ûnbekende fan justysje: yn novimber 2018 krige er in wurkstraf omdat der in wytplantaazje op syn pleats fûn wie.
Hy hat syn feesteapel yntusken werombrocht fan tweintich nei fjouwer kij. De offisier easke in boete fan 4.000 euro, wêrfan de helte ûnder betingst. Boppedat woe justysje dat it bedriuw in heal jier stil komt te lizzen, as de boer de kommende twa jier wol wer mear as fjouwer kij hat.

Gjin ferkearde bedoelingen

Rjochter Marc Brinksma makke der 1.000 euro fan, plus 3.000 ûnder betingst. "Ik ga niet uit van slechte bedoelingen, ik denk dat het u boven het hoofd is gegroeid", sei Brinksma. De rjochter naam wol it stil lizzen fan in healjier ûnder betingst oer.