Alex Pastoor: "Ik ben een product van de Heerenveen-opleiding"

29 jun 2020 - 17:43

Yn de wyklikse SportCast is fuotbaltrainer Alex Pastoor ús gast. Pastoor is op it stuit trainer yn Eastenryk by SCR Altach. It befalt him dêr goed, mar weromkomme nei it Abe Lenstra stadion yn 'e takomst slút er net út.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle foargeande SportCasts werom te harkjen. Dêr fynst ek de podcast-ôfleveringen oer 100 jier SC Hearrenfean, mei ferhalen út it ferline.

By SCR Altach wie hanthavening op it heechste nivo de doelstelling en dat is slagge. Sels Europeesk fuotbal is noch mooglik. Pastoor hat it goed nei it sin by de klup dêr't er syn aktive fuotbalkarriêre ôfsletten hat. Hy hat syn kontrakt dan ek mei twa jier ferlinge.

Mar hy slút net út dat er yn de takomst wer op It Hearrenfean te finen is. As SC Hearrenfean in nije trainer siket, dûkt de namme fan Pastoor al gau op. Hy wie fan 2006 oant 2008 alris assistint-trainer, miskien komt hy ea noch ris werom as haadtrainer. "Ja, natuurlijk, ik zou dat fantastisch vinden. Ik ben een product van de Heerenveen-opleiding. Ik heb me hier ontwikkeld, zowel als voetballer, maar vooral ook als trainer."

Alvetal fan de iuw

Alex Pastoor kiest foar Jon Dahl Tomasson yn it alvetal fan de iuw. Dat hat noch wol wat fuotten yn ierde, omdat it middenfjild yn it foar Hearrenfean fertroude 4-3-3-systeem eins al fol wie.

Dêr hat Pastoor wat op betocht. "Ik zag de opstelling staan en zag dat Jeffrey (Talan) links op het middenveld staat. In mijn beleving is hij een echte rechtsbuiten. Op die positie heeft hij ook het Nederlands elftal gehaald. Ik denk dat we moeten overschakelen op het WM-systeem, met Abe op linksbinnen en Tomasson daarnaast. Tomasson gooide altijd zoveel energie in een wedstrijd. Hij kwam wel een keer of 35 in de vijandelijke zestien. Bovendien was hij ook een beetje gemeen, een speler met een randje. Ik mag dat wel."

Foto: Omrop Fryslân

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast alle moandeis by oer al it sportnijs, mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. De presintaasje is yn hannen fan Geert van Tuinen.

(advertinsje)
(advertinsje)