Bonken fan Ferwert 'binne wol 500 jier âld'

De bonken fan Ferwert moatte op syn minst 500 jier âld wêze, dat tinkt Johannes van Dijk fan de Historische Vereniging Noordoost-Friesland. De minsklike bonken binne sneon yn Ferwert fûn.
De bonken fan Ferwert © De Vries Media
De bonken binne ûntdutsen by grûnwurksumheden oan de Foswerterstrjitte, ûnder de oprit fan in hûs.
"Op dat plak wie earder in terp", fertelt Johannes van Dijk fan de histoaryske feriening. "Dy is hûndert jier lyn ôfgroeven tusken 1907-1935. Hy wie wol trije oant fiif meter heech en ik tink dat dit bonkerak yn de ûnderste lagen lein hat, dus it sil âld wêze. Hoe âld, dat moatte archeologen mar sizze."

Reuzen fan Ferwert

Neffens Van Dijk kin it dus net gean om in resinte moard. "It skelet lei der ek moai yn, it is der net mar ynsmiten. Men tinkt dat it om in man giet, it binne grutte bonken yn de lingte. By it graven fan in reinwettersbak by tsjerke yn 1899 binne ek bonken fûn, dy wienen frij lang. Yn de krante waard doe skreaun dat der reuzen yn Ferwert wenne hienen."
Doe't er it nijs hearde, is er der fuort hinne gien, mei de frou. "Ik ha in foto naam en praat mei de archeolooch oer de Burmaniaterp. Dy wie wol tweintich hektare en de Herjuwsmastate dy't der earder wie, is al folle earder ôfbrutsen. By it ôfgraven fan de terp binne yn 1935 âlde grêffjilden fûn út de fiifde en sechsde iuw."

Skat

Der giet ek noch in ferhaal oer dat der noch in skat wêze soe. "Fan twa kannen, ien mei goud en ien mei dukaten. Ien dêrfan soe der noch lizze moatte." Wat de wearde fan de fynst is, kin er net skatte. "It hat wol histoaryske wearde. Undersyk moat útwize wat de âlderdom is."
Johannes van Dijk