Ynwenners Himpens-Tearns yn aksje om sels Greydanusbrêge betsjinje te kinnen

29 jun 2020 - 17:01

Goed tweintich wenningeigeners út Himpens-Tearns komme yn aksje tsjin de gemeente Ljouwert. Se binne oerfallen troch in beslút fan de gemeente, om de iepeningstiden fan de Greydanusbrêge te beheinen.

De Greydanusbrêge yn Himpens - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

No kinne de bewenners noch mei in spesjale hânstjoerder de brêge iepenje, om sa mei de boat op it iepen farwetter te kommen. Yn in brief hat de gemeente witte litten dat dat oer twa wiken net langer mooglik is.

Johan Kuhlmann wennet al in jier as fiif oan de Tearnzer Wielen. De brêge wurdt op reguliere tiden sintraal betsjinne, mar mei de hânstjoerder kinne bewenners mei in boat de Greydanusbrêge brûke op oare tiden, lykas jûns of winterdeis.

Frijheid om it sels te dwaan

"De provincie wil van die handzenders af, maar de gemeente heeft ons eerder beloofd dat we de brug ten allen tijde mogen passeren", seit Kuhlmann. "De pierwoningen aan het water waren een project van stadsvernieuwing en golden lange tijd als het paradepaardje van de gemeente. Met de bewoners is een contract afgesloten dat de mogelijkheid tot het zelf openen van de brug er altijd is. Dat geeft vrijheid om naar de ligplaats voor huis te kunnen komen."

Hy hat in beswierskrift yntsjinne by de gemeente, ek in pear oaren hawwe dat dien. De gemeente hat noch net reagearre. As de reaksje fan de gemeente negatyf is, seit Kuhlmann nei de bestjoersrjochter te stappen.

Johan Kuhlmann

(advertinsje)
(advertinsje)