Ferwûne by brân by skipswerf op It Hearrenfean

29 jun 2020 - 16:54

By in brân yn in bedriuwspân oan de Ljouwerterstrjitwei op It Hearrenfean is moandei ien persoan ferwûne rekke. Dy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht foar kontrôle.

Foto: De Vries Media

De brânwacht waard oproppen nei in brân by in skipswerf oan de Harresleat, yn it noarden fan It Hearrenfean. Der soe ek in eksploazje west ha. Fanwegen de brân hat it bedriuw tydlik ûntromme west.

De brân wie gau ûnder kontrôle, wêrnei't de brânwacht it gebou noch fentilearre hat.

(advertinsje)
(advertinsje)