Plysje brûkt mear geweld neffens de sifers, mar telt ek oars

29 jun 2020 - 16:40

De plysje-ienheid Noard-Nederlân brûkt faker geweld yn Fryslân as yn Grinslân en Drinte. Yn ús provinsje giet it om 749 saneamde 'geweldsaanwendingen' yn 2019, hast fjirtich prosint fan it totaal yn de noardlike trije provinsjes. De jierren dêrfoar notearre de plysje yn hiel Noard-Nederlân sa'n 500 kear it brûken fan geweld. De sterke groei komt ûnder oare trochdat de gegevens oars teld wurde.

Plysjes yn Fryslân (argyf) - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Sa notearret de plysje sûnt begjin 2019 alle kearen dat se geweld brûke. As de plysje by ien ynsidint bygelyks trije kear geweld brûkt, wurdt dat ek as trije 'geweldsaanwendingen' teld. Earder telde de plysje allinnich it swierste geweldsmiddel dat se by sa'n ynsidint ynsette.

Hiel breed

Yn Fryslân giet it dus om 749 kear dat der geweld brûkt is. "Dat zegt niet zo heel veel", seit plysjewurdfierder Anne Kok. "Onder die geweldsaanwendingen verstaan we het intrappen van een deur, het intikken van een raampje tot het gebruik van een vuurwapen."

Dat de sifers yn Fryslân en Grinslân heger lizze as yn Drinte, hat der ûnder mear mei te krijen dat yn de earste twa provinsjes gruttere plakken lizze. "Juist in stedelijke gebieden zoals Leeuwarden en Groningen wordt vaker geweld ingezet door de politie dan op het platteland. Dat komt doordat er meer horeca is en dat er meer evenementen in die kernen zijn." Yn Fryslân lizze de sifers ek noch heger as yn Grinslân, mar dat ferskil is neffens Kok net al te grut.

Leare út de sifers

Neffens Kok fynt de plysje it belangryk dat de sifers nei bûten komme. "De politie heeft een geweldsmonopolie, we mogen geweld gebruiken als daar reden toe is. Maar we zijn er wel ontzettend terughoudend mee. Het vastleggen van de cijfers doen we niet alleen als verantwoording naar de maatschappij, maar ook om ervan te leren. Kunnen we volgende keer iets anders doen? Moeten we de volgende keer ook iets anders doen? Het is belangrijk om er lering uit te trekken."

Anne Kok fan de plysje

(advertinsje)
(advertinsje)