Gemeenten sjogge nei mienskiplike oanpak fan gniisgas

29 jun 2020 - 16:03

De gemeenten Eaststellingwerf, Weststellingwerf en Opsterlân besjogge oft it mooglik is om mei-elkoar de algemiene pleatslike feroardering oan te passen, fanwege de soargen oer it gebrûk fan gniisgas. "Het moet geen regel voor de bühne zijn, het moet wel effect hebben", seit boargemaster André van de Nadort fan Weststellingwerf.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Gemeenten ha beheind de mooglikheid om it brûken fan gniisgas te ferbieden, sei de boargemaster op fragen fan riedslid Marlène Postma. "Het probleem is dat je wel iets kunt verbieden, maar dat je het ook moet kunnen handhaven. Dat is best nog wel ingewikkeld."

Op 'e die betraapje

De boargemaster sei dat se wol yngripe, wêr't dat mooglik is. "Lachgas wordt vooral vanuit een kofferbak verkocht. Het is meer een straathandel, dan dat het een gereguleerde handel is. Je moet dus iemand op heterdaad betrappen."

Van de Nadort dielt de soargen dy't Postma hat oer de sûnenseffekten fan it brûken fan gniisgas: "Er ligt op het terrein van voorlichting nog een grote taak."

Op syn minst 64 jongeren yn Nederlân binne de ôfrûne twa jier yn it sikehûs bedarre nei't se troch gniisgas (diels) in dwerslaesie oprûnen. De slachtoffers binne yn trochsneed 22 jier. In tal pasjinten einiget yn in rolstoel.

Regearing wurket oan ferbod

De regearing wurket oan in ferbod om gniisgas yn gasflessen of in grutte groepen patroanen te ferkeapjen oan konsuminten. Dy konsuminten meie dan allinnich noch gniisgas yn ampullen keapje om slachrjemme op te klopjen. Se meie dan ek allinnich ferkocht wurde oan minsken fan 18 jier en âlder en minsken meie net mear as ien ferpakking fan maksimaal tsien ampullen ha.

(advertinsje)
(advertinsje)