Twa oanhâldingen en twa himpkwekerijen by fiif ynfallen yn Drachten

29 jun 2020 - 15:32

De plysje hat moandei in 30-jierrige man en in 24-jierrige frou út Drachten oanhâlden by yn totaal fiif ynfallen yn Drachten. Neist de oanhâldingen binne der twa himpkwekerijen fûn troch in spesjale ûndersteuningsgroep fan de plysje.

Foto: De Vries Media

Ien fan de fiif lokaasjes wie oan de Lijsterstraat yn it doarp, dêr is ek ien fan de twa fertochten oanhâlden. Hoefolle himpplantsjes oft der yn de kwekerijen stiene, moat noch út ûndersyk dúdlik wurde. Beide fertochten sitte fêst en wurde heard troch de resjerzje.

Trefwurden: 
plysje Drachten himpkwekerij
(advertinsje)
(advertinsje)